Springe nei ynhâld

Donker sâneachje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Donker Sâneachje)
donker sâneachje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai donkere sâneachjes (Aphantopus)
soarte
Aphantopus hyperantus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

It donker sâneachje (Aphantopus hyperantus) is in soarte yn it skaai fan de donkere sâneachjes (Aphantopus).

It donkere sâneachje is in algemiene stânflinter. De flinter hâldt fan boskrânen en greiden. Siket faak beskutting by houtwâlen. De flinter komt somtiden in grutte oantallen foar, mar soms binne se ek wol seldsum. Se komme foaral foar yn Súd- en East-Nederlân. It is in honkfêste soarte.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as net-bedrige.

De flinter fljocht fan heal juny ôf oant ein augustus. Fljocht altyd yn 1 generaasje.

De wjuklingte is likernôch 18 oant 24 mm lang. De boppekant fan de wjukken is swart mei brún. De ûnderkant fan de wjukken is donkerbrún. Op de ûnderkant fan de foarwjuk sitte fiif grutte gielringe eagen. By it wyfke sitte dizze eagen ek wol op de boppekant.

Donker Sâneachje

De flinter lit de aaikes ien foar ien yn it gers falle. De rûp kin likernôch 20 mm lang wurde. It is in grouwe rûp dy't nei de efterein ta hieltiten tinner wurdt. It liif is okerkleurich en is bedutsen mei koarte boarstelhierkes. De kop is readeftich brún. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp yn in gerspôle. De rûp groeit yn de simmer en yn de hjerst. Yn it foarjier groeit de rûp it hurdst.

De rûp fret ferskillende soarten gers.