Donker pimpernelblaujurkje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Donker Pimpernelblaujurkje)
donker pimpernelblaujurkje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai grutte blaujurkjes (Phengaris)
soarte
Phengaris nausithous
Bergsträsser, 1779
IUCN-status: gefoelich

It donker pimpernelblaujurkje (Phengaris nausithous, foarh. Maculinea nausithous) is in flintersoarte yn it skaai fan de grutte blaujurkjes (Phengaris).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De donker pimpernelblaujurkje is soarte dy hâldt fan fochtige skrale greiden. De flinter waard faak fûn op harren weardplant de grutte pimpernel. Hy wie yn Nederlân ferdwûn. Mar is reyntrodusearre yn in natuergebiet flakby De Bosk. Dêr docht de flinter it wikseljend. It iene jier liket it derop dat er útstjert en it oare jier giet it wer in stikje better.

De flinter is foaral te finen yn sintraal Jeropa. Der binne noch inkele populaasjes yn noardlik Spanje en Frankryk. Se fleane fan seenivo oant wol ta in hichte fan 1600 meter.

Fljochtiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan juny ôf oant ein augustus. Fljocht altyd yn 1 generaasje.

De flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is likernôch 20 mm. De boppekant is ljocht brún. De mantsjes hawwe op de binnenkant in blauwe glâns. De wyfkes binne hielendal brún. De mantsjes en de wyfkes hawwe swarte stipkes op de wjukken. Dizze stipkes hawwe it patroan fan in bôgje.

De rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De aaikes komme út op de weardplant de grutte pimpernel. De rûpkes libje inkele wiken op de plant. Dêrnei litte de rûpen har falle en dêr wurde se meinaam troch de reade stekeamel (Myrmica rubra). De rûpen ite fan de eamellarven en oerwinterje en ferpopkje yn it eamelnêst. De folgjende simmer komme se as flinter út it nêst wei. Sa gau de eamels yn de gaten haw dat er in flinter yn it nêst sit dan moat de donkere pimpernel meitsje dat er fuort komt. Oars wurdt er opfretten.

De flinter is tige kwetsber. De flinter is ôfhinklik fan de weardplant de grutte pimpernel mar ek fan de reade stekeamel. Wol de soarte oerlibje dan moat er foar soarge wurde dat it mei de plant goed giet en mei de eamels.

It selde bart mei it gintsiaanblaujurkje en de blauwe brigade.

De rûp fret earst grutte pimpernel en letter eamellarven.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]