Donegal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Donegal
Dún na nGall
Donegal stadsgezicht.jpg
Sifers
Ynwennertal 2.339 (2006)
Hichte 32 m
Polityk
Lân Ierlân
Greefskip Donegal
Provinsje Ulster
Oar
Webside (in) Webside fan Donegal
Lizzing fan greefskip Donegal yn Ierlân (donkergrien)

Donegal (Iersk-Gaelysk: Dún na nGall - 'bolwurk fan de fjemdlingen' (Wytsingen) is in plak yn it Ierse greefskip County Donegal.

Nettsjinsteande de namme is Donegal net de haadstêd fan County Donegal, dat is nammentlik it stedsje Lifford. It plak leit oan de Baai fan Donegal, oan de rivier de Eske en oan de foet fan de Bluestackbergen.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn âlde boarnen wurdt ferhelle fan in Deens fort dat ferwoastge waard troch Muirchertach MacLochlainn, Hege Kening fan Ierlân, yn 1159. De Wytsingen-delsetting is faaks de oarsprong fan de namme Donegal.

Donegal is bekend wurden as de thúsbasis fan de O'Donnell-klen, dy't in essinsjele rol spile hat yn de Ierske skiednis as de meast wichtige tsjinstanners fan de Ingelske kolonisaasje tusken de 15e en de 17e ieu. Yn de Fransiskaanske abdij fan Donegal, no in ruïne, binne yn de 17e ieu de Annalen fan de Fjouwer Masters skreaun.

Kastiel Donegal en it moaie sintrale plein ("Diamond"), dêr't muzykútfierings jûn wurde en kulturele manifestaasjes foar de regio holden wurde, binne de foarneamste toeristelûkers. Donegal hat noch plakken dy't de Ierske hongersneed (1849-1850) te binnen bringe, sa as it wurkhûs, no part fan it sikehûs, en in protte grêven fan lju dy't doetiids ferhongere binne.

Gallery[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]