Dom fan Schwerin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Domtsjerke fan Schwerin)
Dom fan Schwerin
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Meklenburch-Foarpommeren
plak Schwerin
koördinaten 53° 37'N 11° 24' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Prot.-lutherske tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1270-1416
boustyl Bakstiengotyk
Webside
www.kirche-mv.de
Kaart
Dom fan Schwerin (Meklenburch-Foarpommeren)
Dom fan Schwerin

De Dom fan Schwerin is in oan Marije en de evangelist Jehannes wijde tsjerke yn it Dútske Schwerin. De dom is de biskopstsjerke fan de protestânsk-luterske tsjerke fan it luterske bisdom Meklenburch en foarmet ien fan de wichtige monuminten fan de bakstiengotyk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De domtsjerke fan Schwerin foar de neogoatyske ferbou yn de 19e iuw.

Nei't Hindrik de Liuw yn it ramt fan in krústocht tsjin de Slavyske Wenden it lân fan de Obotriten ferovere, fêstige hy op 'e nij in bisdom op de Meklenburch, dy't sûnt de grutte opstân fan de Wenden in iuw earder ferlitten wie. De earste biskop fan it weroprjochte bisdom wie Berno. Mecklenburg lei wat yn in efterôfhoeke en dêrom liet Berno it bisdom nei it yn 1160 as Dútske stêd nij stifte Schwerin ferpleatse.

De hjoeddeiske goatyske tsjerke ferfong in romaanske dom nei't greve Hindrik fan Schwerin yn 1222 fan in krústocht in yn jaspis ynsletten drip bloed fan Kristus mei naam. Sa waard de tsjerke in wichtich beafeartsplak en al gau wie de tsjerke te lyts foar it tal pylgers. Dy pylders en harren rike jeften, mar ek it stribjen fan de biskop om meunsterje te kinnen mei oare stêden, droegen by ta it beslút in folslein nije tsjerke te bouwen. Dy waard yn 1248 ynwijd.

Om 1270 hinne waard in begjin makke mei de bou fan in nij koer mei kapellenkrâns. Oant it ein fan de 14e iuw moat it dwersskip en it skip fan de tsjerke ree kommen wêze. Mei de ynbou fan nije ramen yn it skip en it oanbringen fan in ferwulft yn 1416 wie de tsjerke foltôge.

De bou fan de toer folge yn de jierren 1889-1893 yn neogoatyske styl. De toer hat in hichte fan 117,5 meter

Kleastergong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it noarden fan de tsjerke grinzget de ek midsiuwske, mar jongere kleastergong. De oanbou tsjinne net de muontsen, mar de domhearen, dy't hjir harren wenromten en bestjoerskeamers hiene. Twa portalen yn it koer fan de tsjerke ferbine de kleastergong mei de tsjerke. De kleastergong is yn de neogoatyske tiid faak ferboud en bleau net yn de oarspronklike steat. Troch in brân yn de 19e iuw binne benammen de boppeferdjipping en it dak neitiid oars opboud. Yn de noardlike fleugel bleau de midsiuwske kleastergong it bêste bewarre.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fleugelalter

Fan it midsiuwske ynterieur binne allinnich it krúsalter fan 1495 en it doopfont út ± 1400 bewarre bleaun. It eardere doksaal waard yn 1585 ôfbrutsen. Dêrmei gyng ek it triomfkrús en in oerwurk ferlern. Ek it koerstuolte bleau net bewarre. Fan de wol 42 sydalters dy't de tsjerke yn de lette midsiuwen ryk wie bleau neat oer. Al tidens de reformaasje waard it rike ynterieur fan de Hillich Bloedkapel ferwoastge. Njonken de reformaasje soarge ek in renovaasje yn 1815 foar it ferlies fan it âlde roomske ynterieur.

Ferwulft

Yn de ôfsluting fan it heechkoer stiet it neogoatyske krusigingsalter. It ûntwerp fan Hermann Willebrand waard yn 1845 ynwijd. It skilderij is fan Gaston Lenthe.

It hjoeddeiske triomfkrús datearret fan 1420 en komt oarspronklik út de Marienkirche fan Wismar, dy't yn de DDR-tiid opblaasd waard. Nei in restauraasje yn 1990 krige it triomfkrús in plak yn de domtsjerke. Sûnt 2002 binne ek de beide byhearrende bylden fan de tsjerkepatroanen Marije en Johannes restaurearre.

Yn de dom binne tal fan epitafen foar de Meklelnburger hartoggen en harren sibben te sjen. It epitaaf foar hartoginne Helena ûntstie yn 1525-1527 yn it atelier fan Peter Vischer de Aldere út Neurenberch. It grêfmonumint fan hartoch Christoph yn de noardlike kapel fan de omgong om it heechkoer is in wurk fan de Flaamske byldhouwer Robert Coppens út 1594-1596. De hartoch wurdt mei syn Sweedske frou Elisabeth knibbeljend útbylde. Syn frou sels gyng nei de dea fan de hartoch werom nei Sweden en waard dêr te rêste lein. In oar keunstwurk is de grêftombe fan hartoch Paul Friedrich fan Mecklenburg en syn frou Alexandrine yn de Hillich Bloedkapel.

Fresko's fan Aldtestamintyske foarstellings binne te finen yn it ferwulft fan de Marije-Himelfeartkapel yn it noardlik dwersskip. Yn it súdlike dwersskip is in fresko fan Sint-Kristoffel te sjen. Goed bewarre resten fan hilligen bleaune oan de eastlike koerpylders bewarre. De best bewarre muorreskilderingen binne dy oan de triomfbôge: twa ingels drage hjir in holle op in skaal, mooglik de holle fan Jehannes de Doper.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel yn de dom waard troch Friedrich Ladegast út Weißenfels boud en yn 1871 yn gebrûk nommen. It oargel hat 84 klinkende registers op fjouwer manualen en is it grutst bewarre ynstrumint fan 'e oargelbouwer. Yn 1988 waard in restauraasje troch Alexander Schuke Potsdam Orgelbau foltôge.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

http://de.academic.ru/dic.nsf/dewiki/1262602