Domrémy-la-Pucelle

Ut Wikipedy
Domrémy-la-Pucelle
Polityk
Lân Frankryk
Regio Grutte Easten
Departemint Fogezen
Sifers
Ynwennertal 91↓ (2019)
Oerflak 8,99 km²
Befolkingsticht. 10 / km²
Hichte 270 m (trochsneed)
Lizzing gemeente Domrémy-la-Pucelle yn it departemint Fogezen

Domrémy-la-Pucelle is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Vosges (Fogezen). It doarpke leit oan de rivier de Maas; tichteby it doarp mûnet de Vair yn de Maas.

Westlik fan de buorren, noch op de himrik, leit in lytse beboske hichte fan 407 m, mei de namme Bosk Domrémy. De hichte oersjocht it oanswettende doarpke Les Roises.

Domrémy-la-Pucelle is ferneamd omdat Jeanne d'Arc dêr berne waard. Har bertehûs is der noch en krige al yn 1840 de status fan monumint. It hûs is no part fan it museum. Eartiids hjitte it doarp fan Domrémy; "la Pucelle" is der oan taheakke omdat it de bynamme fan Jeanne d'Arc is, la pucelle d'Orléans (de faam fan Orléans).

Oardel kilometer besuden it doarp, op in hichte by it Bois Chenu, waard fan 1881 ôf de basilyk Sainte-Jeanne-d'Arc boud. De basilyk stiet op it plak dêr't Jeanne de stimmen fan hilligen hearde, dy't har oprôpen om Frankryk fan de Ingelsken (Godons) te befrijden.

Befolkingsûntjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2007
Ynwennertal 210 225 222 199 182 167 154

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]