Dombo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Filmlogo

Dombo, yn de orizjinele Ingelske titel Dumbo, is in Amerikaanske animaasjefilm fan Walt Disney. De film waard útbrocht op 23 oktober 1941 en is de fjirde fan Disney syn klassike animaasjefilms. De film is basearre op it berneboek mei deselde namme fan Helen Aberson en Harold Pearl. De film duorret ûngefear 64 minuten.

De film waard benammen makke om te besykjen de teloarstellende opbringst fan de eardere film, Fantasia, goed te meitsjen. De film waard makke mei in lyts budzjet, en is relatyf koart foar in Disneyfilm. De film waard likegoed sjoen as ien fan Disney syn hichtepunten.

Rolferdieling[bewurkje seksje | edit source]

Nûmers[bewurkje seksje | edit source]

  • "Look Out for Mr. Stork"
  • "Casey, Jr."
  • "Song of the Roustabouts"
  • "Baby Mine"
  • "The Clown Song"
  • "Pink Elephants on Parade"
  • "When I See An Elephant Fly"

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1942 wûn Dumbo de Academy Award foar bêste muzyk, en waard nominearre foar in Academy Award yn de kategory bêste orizjinele liet.

Yn 1947 wûn de film op it filmfestival fan Cannes in priis foar bêste animaasje.