Doete Venema

Ut Wikipedy
Doete Venema
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 4 maart 1951
berteplak Goutum
wurk
sjenre Koart ferhaal, roman
prizen Rely Jorritsmapriis

Doete Venema (Goutum, 4 maart 1951) is in Frysk skriuwster.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doete Venema waard berne op in pleats yn Goutum, dêr't se krektsa as har twillingsuster, de skriuwster Saakje Huisman, hikke en tein is. Nei de Mulo yn Ljouwert folge se dêr ek de Pedagogyske Akademy, in oplieding ta skoaljuffer. Se wurke dêrnei op in basisskoalle yn Sint Jabik, mar naam nei sa likernôch in jier ûntslach doe't se troude. Letter helle se it foech LU-Frysk. Anno 2007 wurket se yn dieltiid by de Fryske Akademy yn Ljouwert.

Untjouwing en tema's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doete Venema begûn al jong te skriuwen. De bekroaning yn 1981 en 1982 fan twa fan har ferhalen mei de Rely Jorritsmapriis stimulearren har om der mei fierder te gean. Se debutearre yn 1983 mei it ferhaal De kreaker yn it moanneblêd De Strikel, wêryn't se de jierren dêrnei faker ferhalen publisearje soe, krektsa yn it tydskrift Trotwaer. Ek yn de ferhalebondels Hjirre (1984) en Skroei (1987) waarden ferhalen fan har opnaam.

Har romandebút wie In gat yn de tiid (1993), dat goede resinsjes krige. Sintraal tema yn dat boek is de machtsferhâlding tusken minsken, yn dit gefal tusken twa bruorren. Har twadde boek wie De rook fan Lizette (1997), dat de foarfallen beskriuwt yn in fiktyf Frysk doarp neidat de feministe Lizette har dêr nei wenjen set en letter spoarleas ferdwynt. Sels neamde Venema yn in fraachpetear yn 1997 dit boek in ûntwikkelingsroman: "It giet oer de problematyk fan it yndividuele ûnôfhinklik wurden. Twa froulju binne de haadpersoanen. (...) Ien fan de haadpersoanen feroaret yn de rin fan it ferhaal frijwat. It giet yn dit boek oer de inkeling, dy't tsjin in groep oer stiet."

Pas yn 2007 ferskynde har tredde roman, It lân fan Vera, dat oer de syktocht giet fan in man nei de ferklearring fan de dea fan syn frou Vera, in slagge keramiste dy't by in ferbliuw yn Bretanje in ein oan har libben makke.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1984: in ferhaal yn de sammelbondel Hjirre
  • 1987: in ferhaal yn de sammelbondel Skroei
  • 1993: In gat yn de tiid (roman)
  • 1997: De rook fan Lizette (roman)
  • 2007: It lân fan Vera (roman)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1981: Rely Jorritsmapriis foar har ferhaal Tegearre foar de lêste bus
  • 1982: Rely Jorritsmapriis foar har ferhaal It motfiskje

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: