Doejongeftigen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Doejongdieren)

De doejongeftigen of doejongdieren (Dugongidae) foarmje in famylje yn it skift fan de seekij (Sirenia). Der is op it stuit mar ien skaai yn dizze famylje, de doejongs, mei yn dat skaai ien soarte, de doejong.

Doejongeftigen hawwe, oars as lamantyneftigen mar krekt as oare sûchdieren, sân halswringen. Harren sturten hawwe in fiskeftige foarkfoarmige sturtfin.

Njonken de doejongs wurde ek de, útstoarne, grutte seekij ta dizze famylje rekkene.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]