Diskobaai

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Diskobaai yn Grienlân
Ilusissat/Jakobshavn
Isbergen yn Diskobaai
Diskobaai

De Diskobaai of Qeqertarsuup Tunua (Deensk: Diskobugten), is in baai oan de westkant fan Grienlân. De baai wurdt oan de east- en súddkant begrinzge troch it fêstelân fan Grienlân en oan de noardwestside troch it eilân Qeqertarsuaq. Oan de westkant hat de baai in iepen ferbining mei Strjitte Davis.

Der komme ferskate gletsjers yn de baai út, de grutste is de Sermeq Kujalleq. Dizze gletsjers soargje foar in grut tal iisbergen, dy't fanwege de noardlike streaming meast troch it Vaigat tusken Qeqertarsuaq en it fêstelân yn de rjochting fan de Baffinbaai transportearre wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste minsken festigen har om de baai hinne sa'n 2500 foar Kristus; dizze minsken wurde ta de Saqqaq-kultuer rekkene. Om 800 f. Kr. hinne kaam de Iere Dorset-kultuer der foar yn it plak, dy't oant likernôch it begjin fan de jiertelling oanhâlde. Faaks wie it gebiet dêrnei sa'n 700 jier ûnbewenne oant de Lette Dorset-kultuer kaam. Dy kultuer waard op har beurt fan 1100 ôf stadichoan ferfongen troch de Inuits fan de Thule-kultuer.

Qeqertarsuup Tunua hat in soad fisk en oare seebisten dy't foar fiedsel soargen, wat der ta laat hat dat dit gebiet fermoedlik yn de iere skiednis relatyf tichtbefolke west hat. Dat der gatten tusken de ferskillende kultueren sitte wurdt taskreaun oan klimaatferoaring en oereksploitaasje fan de natuerlike boarnen. Ut argeologyske fynsten docht bliken dat de Noarske kolonisten út de Westlike Delsetting en de Eastlike Delsetting faaks wol kontakt hienen mei de bewenners oan de baai, mar dêr binne gjin skreaune boarnen fan bekend. De earste Europeaan dêr't fan witten is dat er de baai berikte wie Erik de Reade yn 986.

Yn de 18e ieu festige it Deenske koloniale bestjoer him om Qeqertarsuup Tunua hinne. De hannelspost Jakobshavn waard yn 1741 troch de Denen stifte.

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Op it heden binne de fiskerij en in tanimmend toerisme de meast wichtige ekonomyske aktiviteiten. De Diskobaai is de haadbestimming yn Grienlân en wurdt faak troch cruiseskippen oandien.[1]

De oanswettende Baffinbaai wurdt fan tocht dat it in grutte oaljefoarrie hat. 2010 fûn Cairn Energy ierdgas yn de Diskobaai, dit soe wize kinne op it foarkommen fan ierdoalje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • (in) Moros, M., Jensen, K.G. and Kuijpers, A., (2006) Mid- to late Holocene hydrological and climatic variability in Disko Bugt, central West Greenland. The Holocene 16 (3), s. 357-367
  • (in) Weidick, A. & Bennike, O., 2007: Quaternary glaciation history and glaciology of Jakobshavn Isbræ and the Disko Bugt region, West Greenland: a review. Geological Survey of Denmark and Greenland Bulletin 14
  1. http://www.groenlandinfo.de/index.php?id=3188