Dirck Rembrandts van Nierop

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dirck Rembrandts van Nierop

Dirck Rembrantsoan van Nierop (Nieuwe Niedorp, 1610 - dêre, 4 novimber 1682 ), wie in 17e ieuske Nederlânske wiskundige, astrolooch en in fermoanner.

Betsjutting[bewurkje seksje | edit source]

Hy hat mear as tritich wittenskiplike publikaasjes op syn namme brocht, lykas Nieuw Nierper Graed-boeck, dat 1683 njoggen kear werprinte is. De Nieropper almanakken ferskine alle jierren fan 1655 oant 1683. Ek hat hy it sjoernaal fan Abel Tasman en Willem Barents (Nova Sembla) yn ien fan syn boeken publisearre. Boppedat wie hy warber as adviseur op it mêd fan navigaasjemiddelen en seekaarten foar de VOC. As ûnderwizer fan stjoerlju en skippers, wie hy learaar foar lettere beroemdheden as:

Hy ûnderhâlde freonskiplike en saaklike relaasjes mei ûnder oaren Christiaan Huygens, Nicolaas Witsen, Johannes Holwarda en Descartes. As kartograaf wurke hy yn de mande mei Willem Hessels de Vlamingh en Pieter Goos. De Europeeske paskaart, in waaksende seekaart út it jier 1658 stiet op syn namme.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • Kort byvoegsel Friese Sterr-konst, Jan Hessels Harlingen 1654
  • Chronykke, geschiedenis van Holland, Zeeland en Friesland, C. Lootsman Amsterdam 1711
  • Noord en Oost Tartaryen Nicolaas Witsen/DRvN Amsterdam 1702
  • Kort onderwijs Der Horologien Christiaan Huygens/DRvN 1665

Tentoanstellingen[bewurkje seksje | edit source]

  • Tijdgebonden Almanakken en Kalender, Koninklijke Bibliotheek Den Haag 2000
  • Abel Tasman/DR van Nierop, Sydney Australia 2006
  • Johan Hevelius/DR van Nierop, Nederlands Uurwerkmuseum Zaandam 2007

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ach Lieve Tijd 200 A. Dekker
  • Inventarisatie werken Dirck Rembrantsz van Nierop, A. Ligthart Zaandam 2011
  • Jan Smit, Dirck Rembrantsz van Nierop, 1610-1682: het leven en werk van een beroemd sterrenkundige, meester in de wiskonst en een uitmuntend onderwijzer voor schippers en stuurlieden, Winkel, 1992