Dino Baumberger

Ut Wikipedy
Dino Baumberger
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Josef Baumberger
nasjonaliteit Eastenryksk
Dútsk
berne 1944
berteplak Wenen (Eastenryk)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
wurksum as pornoregisseur, produsint
jierren aktyf 19852003
offisjele webside
gjint

Dino Baumberger, echte namme: Josef Baumberger (Wenen, 1944), is in Eastenryksk-Dútsk pornoprodusint en -regisseur dy't yn Dútslân ien fan 'e bekendste fertsjintwurdigers fan 'e pornoyndustry is. Sûnt 1997 is er troud mei de eardere (en yn Dútslân noch altyd tige populêre) pornoaktrise Dolly Buster, oan wa har súkses oft hy in wichtige bydrage levere.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baumberger waard yn 1944 berne yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen, en studearre yn Bad Hall radio- en tillefyzjetechnyk. Om't er yn syn heitelân gjin takomst seach, ferfear er nei Dútslân, dêr't er yn 't earstoan yn Hamburch tahold en letter yn Düsseldorf. Yn 1976 iepene er in seksshop yn Wesel, net fier oer de Nederlânske grins by Arnhim.

Yn 1985 rjochte Baumberger op in yndustrygebiet yn Wesel syn filmstudio DBM op (folút: Dino Blue Movie Videovertrieb GmbH). Noch altyd befine har dêr de montaazjestudio's fan syn bedriuw. Fan 1989 oant 2003 wied er aktyf as produsint en regisseur fan hast hûndert ûnderskate pornografyske films, wêrûnder ferskaten mei syn lettere frou Dolly Buster yn 'e haadrol. Dêrnjonken hied er as produsint ek de hân yn 'e makkelei fan pornfilms ûnder rezjy fan oaren. Yn syn heechtijdagen publisearre Baumberger eltse moanne alve ferskillende fideo's, en makke er in jieromset fan 15 miljoen D-mark. Yn 'e 1990-er jierren waarden syn films karakterisearre troch opnamen op eksoatyske lokaasjes, lykas Majorka, Ibytsa en Las Vegas.

Sûnt 2003 makket Baumberger eins gjin nije films mear, mar produsearret er inkeld noch kompilaasjes fan âlder wurk, al publisearret er teffens sabeare "priveefilmkes", dy't de yndruk wekje moatte dat it net foar publikaasje bedoelde home video's binne fan willekeurige lju, mar dy't wol deeglik opnommen wurde om útbrocht te wurden, sij it inkeld mei amateur-akteurs.

Yn 2004 ûntstie der yn Dútslân in grut skandaal om 'e Dútsk-Turkske aktrise Sibel Kekilli hinne, dy't doe krekt furoare makke mei har haadrol yn 'e mannichfâld bekroande film Gegen die Wand, dy't û.m. de haadpriis wûn op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Baumberger brocht doe nei bûten ta dat Kekilli yn 2001 en 2002 yn ferskate fan syn (porno)films spile hie, brocht in dvd út dêr't de oangeande films op gearbrocht wiene, en stelde fergees fotomateriaal beskikber foar de tillefyzjestjoerder RTL en de krante Bild. Yn 2012 koed er fan in nij skandaal profitearje, doe't er in pornografysk filmke mei aktrise en Playboy-model Radost Bokel, dêr't hy de rjochten fan opkocht hie, yn syn assortimint opnaam.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.