Dingo Stek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De rin fan it Dingo Stek troch Austraalje.

It Dingo Stek, of Hûne Stek (Ingelsk: Dingo Fenco of Dog Fence), is in stek dat boud is om skiep yn it súdeastlike part fan Austraalje tsjin dingo’s te beskermjen. Mei in lingte fan 5320 kilometer is it ien fan de langste bouwurken op ierde. Yn 1880 waard der begûn mei de bou fan it stek, yn 1885 wie de bou klear.

Der binne 23 minsken dy’t wurkje oan it stek. Elke wike wurdt yn twa ploegen in part fan 300 kilometer ûnderhâlden.

Rin[bewurkje seksje | edit source]

It stek rint fan Toowoomba oan de eastkust oant it Eyresskiereilân oan de Grutte Australyske Bocht. It rint foar likernôch 2.500 kilometer troch de steat Queensland. By de grins mei New South Wales folget it stek de grins foar 584 kilometer wêrnei it bouwurk foar de lêste 2.225 kilometer de steat South Australia yn giet.

Untwerp[bewurkje seksje | edit source]

It Dingo Stek hat eltse 9 meter in stielen peal. It bouwurk hat in hichte fan 180 sintimeter en giet 30 sintimeter de grûn yn. Oan beide siden fan it stek is in romte fan fiif meter ûntdien fan beammen en boskjes.

Stikken fan it stek binne ferljochte troch tl-buizen. Dizze lampen krije stream fan batterijen dy’t oerdeis opladen wurde troch sinne-enerzjy.

In part fan it Dingo Stek by Cooper Pedy.

Gefolgen yn de natuer[bewurkje seksje | edit source]

Troch it Dingo Stek naam de populaasje fan de dingo’s yn it suden ôf. Hjirtroch waarden der minder skiep deamakke troch de bisten. As gefolch fan de lytsere populaasje dingo’s naam it tal kangoeroes en kninen hurd ta. Dit kaam trochdat dizze bisten minder natuerlike fijannen ha.

Oan de oare kant fan it stek liket it derop dat der minder kangoeroes en emoes binne trochdat de dingo-populaasje dêr no konsintrearre is.