Dieuwke de Graaff-Nauta

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Steatssekretaris D.IJ.W. de Graaff-Nauta (1986)

Dieuwke IJtje Willemke (Dieuwke) de Graaff-Nauta (Snits, 22 maaie 1930 - Snits, 10 juny 2008) wie fan 14 july 1986 oant 27 maaie 1994 foar it CDA steatssekretaris fan Ynlânske Saken yn it kabinet Lubbers II en it kabinet Lubbers III. Dêrnei wie hja yn it kabinet Lubbers III foar koart, oant 22 augustus 1994, Minister fan Ynlânske Saken. It kabinet wie al demisjonêr, mar oant it nije kabinet foarme wie folge hja Ed van Thijn op.

Eardat hja troch de doetiidske formateur Lubbers nei Den Haach helle waard, wie hja fan 1962 ôf aktyf yn de provinsjale polityk in Fryslân as lid fan de Provinsjale Steaten en lid fan de Deputearre Steaten. Hja hat ek gemeenteriedslid en wethâlder yn Snits west.

Har foargonger as steatssekretaris fan Ynlânske Saken wie Marius van Amelsvoort (CDA) yn it earste kabinet Lubbers en hja waard yn l994 opfolge troch Tonny van de Vondervoort (PvdA) en Jacob Kohnstamm (D66) yn it kabinet Kok I. As minister fan Ynlânske Saken waard se destiids opfolge troch de VVD-er Hans Dijkstal (Kok I)

Nei har tiid as minister wie hja foarsitter fan in kommisje dy't ûndersyk die nei finansjele affêres om ynsamlingsaksjes dêr't Tara Singh Varma by belutsen wie.

Dieuwke de Graaff-Nauta stoarn yn de âldens fan 78 jier.

Underskiedings[bewurkje seksje | edit source]

De Graaff-Nauta krige de folgjende ridderoarden: