Didemir

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Didemir (451-474), wie in Ostrogoatyske foarst.

[bewurkje seksje] Skiednis

Didemir wie in fazal fan Attila en die mei oan de side fan de Hunnen yn de Slach op de Katalaunyske fjilden. Nei de dea fan Atilla late hy tegearre mei de foarsten Falamir en Fidimir in opstân tsjin de Hunnen dy't sy yn 454 suksesfol fersloegen yn de slach oan de Nadao.

Under oanfiering fan Didemir ferliet in grut part fan de Ostrogoaten harren wengebieten yn Pannoanje en gong nei it easten ta. Hjir makken sy in skoftlang it East-Romeinske ryk ûnfeilich mei it hâlden fan plondertochten. Yn 471 waard de stêd Naissus (Niš) beset en fuort dêrnei oermasteren se Neder-Moesië.

Didemir wie troud mei Erelieva en hie twa bern: Diderik en Amalfrida. Hy kaam te stjerren yn 474 en waard doe opfolge troch syn soan Diderik, dy't letter bekend stie as Diderik de Grutte.

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Hermann Schreiber - de Goten: vorsten en vazallen (1979)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen