Devon (ko)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Red Devon, bolle
Devonoksen yn Austraalje

De Devon is in âld koweras út súdwest-Ingelân, benammen de greefskippen Devon, Somerset, Cornwall en Dorset.[1] It ras is read as (kastanje)brunich, dêrom wurdt it wol Devon Ruby of Red Ruby neamd, nammen dy't ek as merknammen brûkt wurde. It ras wurdt ek wol oantsjut as North Devon om betizing mei it nijere gielbrune ras South Devon (ko) foar te kommen.

De Devon hat middeltsjok hier dat faak lang en krollich wurdt yn de winter en simmers koart en slûk is. Yn Amearika is in Devon sûnder hoarnen fokt. It ras kin him gau rêde en stelt gjin hege easken oan it fiedsel. It ôfkealjen ferrint meast sûnder problemen.

Yn it ferline waard dizze ko hâlden foar molke- en fleisproduksje, mar no suver allinne as fleisko. It ras is op in protte plakken lykwols ferdreaun troch oare fleiskowerassen dy't hurder groeie, hoewol't dat de kwaliteit fan it fleis faak net te goede komt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oklahoma State University Devon breed profile