Deenske Eastynjeske Kompanjy
De Deenske Eastynjeske Kompanjy (Deensk: Dansk Østindisk Kompagni) wie in hannelskompanjy dy't yn 1616 stifte waard troch in privileezje fan de Deenske kening Kristiaan IV.
Skiednis [bewurkje seksje]
De kompanjy waard oprjochte mei it doel te hanneljen mei Yndia. De haadbasis lei yn Trankebar, yn fort Dansborg, de sit fan de gûverneur fan Deensk Yndia (de opperhoved). Op syn hichtepunt wie de ynfier fan tee troch de Deenske Eastyjeske Kompanjy en Sweedske Eastynjeske Kompanjy heger as dy fan de Britske Eastyndia Kompanjy. Njoggentich prosint dêrfan waard it Feriene Keninkryk ynsmokkele, dêr't it mei grutte winst ferkocht wurde koe.
Nei in koarte perioade fan bloei, waard it belang fan de kompanjy hurd minder en yn 1729 waard sy opheft. Yn 1730 waard sy lykwols fannijs oprjochte ûnder de namme Aziatyske Kompanjy (Asiatisk Kompagni); yn 1732 folge de keninklike lisinsje en in monopoalje foar 40 jier op alle Deenske hannel beëasten Kaap de Goeie Hope. Dochs ferlear de kompanjy yn 1772 har monopoalje en yn 1779 waard Deensk Yndia in kroankoloanje.
Under de Napoleontyske oarloggen, yn 1801 en nochris yn 1807, foel de Britske Marine (Royal Navy) Kopenhagen oan. Dat hie fan gefolgen dat Denemark (ien fan mar in pear West-Europeekse lannen dy't net troch Frankryk beset wie) har hiele float ferlear en ek it eilân Helgoland (doe part fan it hartochdom Holstein-Gottorp. Lang om let ferkocht Denemark har oerbleaune besittings op it fêstelân fan Yndia yn 1845, en de Deenske Goudkust yn 1850 oan de Britten.
Sjoch ek [bewurkje seksje]
- Vereenigde Oostindische Compagnie, stifte 1602
- Nederlânske West-Ynjeske Kompanjy, stifte 1621