De Zandhoeve

Ut Wikipedy
De Zandhoeve oan de Haadstrjitte

De Zandhoeve is in lânhûs ian de haadstrjitte 89 yn Beetstersweach.

De Zandhoeve is yn 1929/1930 boud yn opdracht fan de destiidske boargemaster Jacob Bleeker troch de arjitekt S.A. Veenstra. It is ien fan syn ierste bouwurken. It hûs is boud yn de ekspressjonistyske styl fan de Amsterdamse Skoalle. Yn 1961 waard it hûs ferboud en fierder útwreide foar de destiidske bewenner, in hûsarts. Yn 2007 waard it hûs renovearre foar de bedriuwen, dy't der wyls yn fêstige binne. It hûs is erkend as ryksmonumint.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald, Chris Kolman, Sabine Broekhoven en Saskia van Ginkel-Meester Beetsterzwaag (Beetstersweach) (gemeente Opsterland) in: Monumenten in Nederland. Fryslân
  • dbnl.nl