De Wyldeman (De Lemmer)

Ut Wikipedy
De Wyldeman oan De Skulpen yn De Lemmer anno 2011
De oerstreaming fan 1825 op De Lemmer mei op de eftergrûn de herberch De Wyldeman

De Wyldeman is in monumintaal pân oan de Skulpen op 'e Lemmer.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Topgevel mei jiertal en ôfbylding fan in wyldeman

Neffens it jiertal yn de topgevel dateart it pân út 1773. It gebou wie boud as loazjemint of herberch en waard yn lettere tiden hotel en kafee-restaurant. It brede pân hat op de ferdjipping sân finstertraveeën. Op de ferdjipping is in breed skylddak boud. Oan de foarside, rjocht boppe de tagongsdoar, sit in saneamde Flaamske topgevel. Dit klokgeveltsje is ryk oan ornaminten, wêrûnder in ôfbylding fan in wyldeman. Ek it oan de rjochterside neistlizzende gebou is by it horekakompleks foege, wêrtroch't de lange foargevel noch ris fierder ferlings wurdt mei noch trije finstertraveeën.

Yn 1823 namen Jacob van Lennep en syn freon Dirk van Hogendorp op harren fuotreis troch Nederlân harren yntrek yn de herberch De Wyldeman op De Lemmer, doe't se der mei de nboat út Urrk wei oankamen. De oare deis "betellen se foar tee, wyn jûnsiten, lozjys en de treflike betsjinning twa gûne de man".[1] Sa'n oardel jier letter, yn febrewaris 1825, rûn it loazjemint gefaar doe't ûnder mear De Lemmer troffen waard troch in grutte oerstreaming.[2]

Yn de jierren tritich fan de 20e-iuw is de âlde gevelstien mei de ôfbylding fan in wyldeman út de gevel fallen en ûnwerstelber beskeadige. Yn 1939 waard der in nije stien setten dy't makke wie troch de Lemster blokmakker M. Visser.[3][4]

It pân is erkend as ryksmonumint. Anno 2011 stiet it pân leech fanwegen finansjele perikels.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  1. Mak, Geert en Marita Mathijsen Lopen met Van Lennep - De zomer van 1823, side 56 en 57, útjouwerij Waanders, SWol ISBN 90-400-9513-2
  2. Swart, Nicolaas Historisch tafereel van den zwaren watersnood, op den 3den, 4den en 5den Februarij 1825, een groot deel van ons vaderland hebbende getroffen, side 248, útjouwerij Schalekamp en Van de Grampel, Amsterdam, 1826
  3. Ljouwerter Krante d.d. 20 septimber 1938: De gevelsteen van de Wildeman
  4. Ljouwerter Krante d.d. 20 jannewaris 1939: Nij gevelbyld