De Wiken

Ut Wikipedy
Lizzing De Wiken (East)

De Wiken is in wenwyk fan 160 ha. oan de eastkant fan Drachten út de jierren 60, en leit ynklamme tusken de Noarder Dwersfeart, N31 (Wâldwei) en de Splitting. De wyk telt ûngefear 6.000 ynwenners en 2.750 wenningen.

De earste stien fan de earste wenning oan de Heechlânsdyk waard yn 1965 lein. Yn heech tempo folgen strjitten as de Hagewyk, Ingwerd, Foswert, Stjelpswyk, Langewyk, Dwerswyk ensfh. Yn in twatal jierren waarden mear as 1000 wenningen boud. Alle (rychjes)huzen yn de Wiken noard binne sawat allegear lyk, de saneamde revolúsjebou. De wyk hat in ferfeelsum imago, troch renovaasjeprojekten besykje gemeente en wenningbouferieningen hjir wat oan te dwaan. Alle strjitten binne neamd nei de wiken (sleatten) dy't eartiids yn dat gebiet rûnen. De wyk telt relatyf in soad galerijflats.

De wyk hat in eigen winkelsintrum mei ûnder oare in supermerk (Poiesz), drogist, apteek, boekewinkel, kapsalon, bakkerij, bank, fytsewinkel en húshâldwinkel. Fierders hat de wyk in wyksintrum en in tsjerke en steane der meardere basisskoallen.

Wiken en buerten yn Drachten
Wiken:
De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen:
BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
wizigje