De Westermûne (Kollumerpomp)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Westermûne by Kollumerpomp

De Westermûne is een poldermole by it doarp Kollumerpomp yn de gemeente Kollumerlân. De Westermûne, in grûnsiler, waard yn 1845 boud foar it bemeallen fan de 300 ha grutte polder Easter- en Westerkrúslân. Yn it earstoan hie de mûne twa fizels, mar ien dêrfan waard weihelle. Yn 1959 bruts by in stoarm ien fan de roeden. It wetterskip woe de mûne doe slope llitte, mar krige dêrfoar gjin tastimming. De oerbleaune fizel waard op in dieselmotor oansluten. De Westermûne rekke dêrnei sterk yngroeid troch beplanting. Yn 1961 waard hy oankocht troch de gemeente Kollumerlân, dy't him yn 1984 restaurearje liet. Dêrby waard de dieselmotor wer fuorthelle en waarden de beammen tichtby de mûne kapt. Yn 1988 wie de Westermûne wer mealree. Nei in nije restauraasje yn 1996 waard de mûne eigendom fan de Monumintestifting Kollumerlân. De Westermûne is in greinen achtkante mûne mei stiennen fjildmuorren, is reiddekt en hat in flecht fan 17,96 m. De mûne, wêrfan de fizel wyls ek troch in elektromotor oandreaun wurde kin, kin op freed- en sneontemiddei besichtige wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]