De Vereeniging (Hilfertsom)

Ut Wikipedy
De Vereeniging

Gebou De Vereeniging yn Hilfertsom kaam troch partikulier inisjatyf yn 1905 ta stân nei ûntwerp fan arsjitekt A.Salm. It hat skaaimerken fan de Jugendstil. It gebou bea ûnderdak oan frijsinnige ferienings ûnder mear op it mêd fan religy, polityk, muzyk en toaniel. It gebou is yn 2010 besit fan de Hilfertsomske lôzjes dy’t diel útmeitsje fan de Oarder fan Frijmitselders yn Nederlân. Dy oarder is offisjeel oprjochte yn 1756 mar wie dêrfoar ek al wurksum. Lôzjes dy’t it gebou brûke binne:

  • De Gooische Broederschap nr. 86
  • Opgong nr. 173
  • Wolfgang Amadeus Mozart nr.237

De leden hâlde har ûnder mear dwaande mei ûnderwerpen fan libbensbeskôglike aard en binne aktyf op sosjaal gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: