De Tijen

Ut Wikipedy
De Tijen om 1920 hinne

De Tijen wie in delsetting en fjildnamme bewesten it âlde (Noarder)Drachten, oan de Aldewei, yn de gemeente Smellingerlân. Hy wurdt as delsetting noch neamd troch Eekhoff yn 1843, dêrnei allinnich as fjildnamme.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mooglik komt it fan it Aldfryske tia, dat 'streamde wettergong' betsjut. Oaren wolle hawwe dat it fan tyaen, tsien, komt. Yn dat gefal soe it op de mjitte fan it lân slaan, nei alle wierskyn 10 roeden [1]. De namme komt ek foar as strjitnamme yn Drachten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Drachtster Krante, 29 novimber 1946. Oanhelle troch Jolt Oostra Rzn. yn Toponymie van Drachten 1997, side 262