De Sniegoes

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Twa snieguozzen op 'e wjuk.

De Sniegoes, yn it oarspronklike Ingelsk: The Snow Goose, is in koarte novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer en sjoernalist Paul Gallico (1897-1976). It is in romantyske trageedzje tsjin 'e eftergrûn fan it belis troch de Dútsers fan it ynsletten Britske leger yn Dúntsjerk, yn 1940. The Snow Goose is nei gedachten Gallico syn bekendste wurk, en syn iennichste literêre súkses dat algemien as sadanich erkend waard. Hy wûn der de de O. Henry Award foar koarte ferhalen fan 1941 mei. De Fryske oersetting fan Ida Bouwhuis-Minnema waard útjûn yn 1984.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

De Sniegoes fertelt it ferhaal fan Philip Rhayader, in skilder en bistefreon dy't him út 'e minsklike maatskippij ôfsûndere hat om't er fanwegen syn lichaamlike beheinings (hy hat in bochel en in ferwoeksen earm) altiten skoudere waard. Yn 1933 set er him nei wenjen yn in ferlitten fjoertoer yn in moerasgebiet oan 'e kust fan it Súdingelske Esseks. Dêr hâldt er al in hoartsje ta as Frith, in tolvejierrich famke út in fiskersdoarpke dêr yn 'e omkriten, op in dei har eangst foar de "sjamme yn 'e fjoertoer" oerwint nei't se in troch jagers oansketten fûgel fûn hat. Se bringt it bist by Rhayader, dy't de wûnen skjinmakket en ferbynt en de brutsen poat spalket. It blykt in sniegoes te wêzen, fan in soart dy't allinnich yn Noard-Amearika foarkomt. Rhayader riddenearret dat it bist troch in stoarm fan Kanada alhiel nei Ingelân ta blazen wêze moat. (De fûgel, de iennichste dy't tsjûge is fan it hiele fierdere ferhaal, stiet symboal foar de skriuwer sels, dy't ek ôfkomstich wie út Noard-Amearika en him yn Ingelân nei wenjen set hie.)


Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.


As de goes genêzen is, jout er him by de oare, Jeropeeske guozzen. Elts jier komt er winterdeis werom by de âld fjoertoer, wylst er de simmer trochbringt op Grienlân of Spitsbergen. Troch de goes ûntstiet der in freonskip tusken de iensume Rhayader en it famke Frith. Foar Rhayader giet dat úteinlik oer yn wat oars, mar Frith, dy't dan in jier as santjin, achttjin is, wurdt benaud foar it gefoel dat se dêrfan kriget en keart har fan him ôf. De folgjende kears dat se delkomt, is Rhayader syn sylboatsje oan it ynladen mei fiktaalje en oare nedichheden. It is 1940, en oarloch. De Dútsers hawwe it Britske ekspedysjeleger ynsletten oan 'e Noardfrânske kust, by Dúntsjerk, en Churchill hat alle Britten dy't oer seeweardige boaten beskikke, oproppen om mei te helpen by de evakuaasje fan 'e troepen dêre. Frith wurdt kjel as hja foar it ferstân kriget dat Rhayader him yn sok deadlik gefaar bejaan sil, mar se kin it him net ûntprate. As er fuortsylt, folge troch de nuet wurden sniegoes, wit se dat se him nea wer sjen sil.

Troch in pear tsjûgenissen fan Britske militêren wurdt dúdlik wat der by Dúntsjerk bard is. Rhayader is dagenlang oan 'e gong om mei syn sylboatsje soldaten fan it strân nei de gruttere skippen foar de kust te bringen, en rêdt dêrmei hûnderten libbens. Under de soldaten giet letter it ferhaal dat wa't de sniegoes seach, it der libben ôfrêde soe. Rhayader sels is net sa lokkich, en wurdt úteinlik dea oantroffen yn syn troch de mitrailleurs fan in Dútske dûkbommewerper trochsingele boat. By de fjoertoer wachtet Frith op berjocht. Dat komt úteinlik yn 'e foarm fan 'e sniegoes, dy't in rûntsje om 'e toer hinne makket en dan fuortfljocht om nea wer werom te kommen. Frith ynterpretearret dat as Rhayader syn siel dy't ôfskie fan har nimt ûnderweis nei it hjirneimels — en dan beseft se pas dat se fan him begûn wie te hâlden. Neitiid wurdt de fjoertoer by fersin ferrinnewearre troch in Dútske piloat dy't it foar in militêre ynstallaasje oansjocht. Troch it bombardemint brekt ek de seedyk dêrsanne troch, en de ruïne fan 'e toer komt splis te stean. Al Rhayader syn skilderijen geane ferlern, útsein ien dat Frith fûn en mei nei hûs nommen hie, fan in smoarch jong famke mei in oansketten goes op 'e earm.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

De Fryske oersetting fan The Snow Goose ferskynde yn 1984 ûnder de titel De Sniegoes by de Afûk te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Ida Bouwhuis-Minnema, en de útjefte, in boekje fan 36 siden, is opfleure mei tekenings fan Anne Linton.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: