De Rerum Natura

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It begjin fan De Rerum Natura yn in manuskript út 1483, dat makke wie foar paus Sikstus IV.

De Rerum Natura ("Oer it Aard fan de Dingen") is in lang, yn it Latyn skreaun leardicht fan 'e hân fan 'e Romeinske dichter en filosoof Lukretius9955 f. Kr.). It gedicht bestiet út likernôch 7.400 fersregels dy't skreaun binne yn daktylyske heksameters, en is ferdield yn seis boeken sûnder eigen titels. It behannelt de natuerkundige ideeën fan 'e epikuristyske filosofy yn in rike dichterlike taal fol byldspraak. It aard fan it ferstân en de siel, fan it gefoel en de gedachte, en fan 'e ûntjouwing fan 'e wrâld mei al syn natuerlike ferskynsels passearje de revu. In krúsjaal punt is dat neffens Lukretius it hielal bestiet en beweecht op grûn fan natuerkundige prinsipes dy't folslein weromgeane op fortuna ("lok", of yn dit gefal "tafal"), sûnder ienige tuskenkomst fan 'e goaden. De Rerum Natura datearret út 'e earste ieu f. Kr., mooglik út it jier 54 f. Kr., krekt foar Lukretius syn hommels ferstjerren, wat ek de abrupte ein fan boek VI ferklearje soe.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

De earste trije boeken fan De Rerum Natura jouwe in fûnemintele útlis oer wêzen en net-wêzen, matearje en romte, de atomen en harren bewegings, de ûneinigens fan it hielal (sawol wat tiid as wat romte oangiet), de regelmaat fan 'e fuortplanting, it aard fan it ferstân (animus) en de geast (anima) as materiële lichaamlike entiteiten, en harren stjerlikens, mei't hja, neffens Lukretius, oan har ein komme as it lichem dat hja bewenje stjert. De lêste trije boeken jouwe in materialistyske útlis fan 'e ferskynsels dy't de minske it meast dwaande hâlde, lykas de sintugen en wat dêrmei waarnommen wurdt, seks en fuortplanting, lânbou, natuerkrêften, de himels en sykte.

It gedicht iepenet mei in oanropping fan 'e goadinne Fenus, dy't Lukretius beskôget as in allegoaryske represintaasje fan 'e fuortplanting. Dêrnei wreidet er út oer it aard en wêzen fan 'e goaden, wat him ta in slimmen tirade bringt tsjin it meunster "byleauwe", dat neffens him op tirannike manear de wrâld yn syn gryp hâldt. Nei in wiidweidige ûnderbouwing fan 'e stelling dat neat út neat ûntstean kin en eat net ta neat werombrocht wurde kin, folget in útlis oangeande de atomen, de boustiennen fan alle dingen, harren foarm, eigenskippen en bewegings en de wetten dy't harren bestean behearskje. Dêrmei wurde de earste beide boeken folle.

Yn it trêde boek wurde de ideeën dy't oant safier út 'e doeken dien binne, tapast om te demonstrearjen dat ús libbenskrêft en yntellekt (de anima en de animus) likefolle ûnderdiel fan ús útmeitsje as ús earms en skonken, mar lykas ús lidden gjin eigen en selsstannich libben hawwe kinne; der is dus gjin libben nei de dea. Yn it fjirde boek komme de sintugen op 't aljemint, gesicht, gehoar, smaak en reuk, mar ek sliep en dreamen, einigjend mei in stik oer leafde en seks.

It fyfde boek fan De Rerum Natura, dat yn 'e regel as it bêst ôfwurke en it ymposantst beskôge wurdt, beskriuwt it ûntstean fan 'e wrâld en fan alle dingen op 'e wrâld, de bewegings fan 'e himellichems, de rûngong fan 'e jiertiden en de ôfwikseling fan dei en nacht, de opkomst en bloei fan 'e minskheid, de minsklike maatskippij, politike ynstellings, en it útfinen fan 'e ûnderskate keunstfoarmen en wittenskippen dy't it libben safolste moaier en nommelder meitsje.

It sechsde boek, ta einbeslút, jout in útlis fan guon fan 'e meast opfallende natuerferskynsels, lykas tonger, wjerljocht, hagel, rein, snie, iis, kjeld, hjittens, wyn, ierdbevings, fulkanen, wellen en plakken dêr't dierlik libben net bestean kin. Dat lêste liedt ta de behanneling fan sykten, wêrby't in skriklike beskriuwing op 't aljemint komt fan 'e grouwélige útbraak fan 'e pest dy't de Grykske stêd Atene ûnder de Peloponnezyske Oarloch yn 'e besnijing krige. De abrupte fan it boek op dat punt suggerearret dat Lukretius stoar ear't er De Rerum Natura hielendal foltôge hie, of alteast foar't er de kladferzje redigearje koe.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter benammen bekend wurden is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes, hat in pear fragminten út De Rerum Natura yn it Frysk fertaald. Dy oersettings binne op 'e noed fan Tresoar, al wurdt by it oangeande lemma yn it digitale argyf fan Tresoar net fermeld oft dizze fragminten ea publisearre binne of út hokker jier oft se datearje (ôfsjoen fan 'e fermelding "20e eeuw").

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lukretius, De Rerum Natura (fragminten) (oers. Klaas Bruinsma), 19??, Tresoar: oanfraachnû. 088.113.