De Puollen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Puollen yn 2008

De Puollen is in eardere delsetting, poldermole en delsetting ûngefear in kilometer ten easten fan it doarp Dronryp yn de gemeente Menameradiel.

De Puolen, in grûnsiler, waard yn 1850 boud foar de bemealling fan de 365 ha grutte Easterpolder, dy't tsjintwurdich diel útmakket fan de polder De Puollen. It is in houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid en in flecht fan 19,10 m. Lange tiid stie de mole der ferfallen by, mar yn 1984/1985 waard hy restaurearre. Hy is net mear oansluten op de Fryske boezem, mar wol mealree yn sirkwy. De wipstôk fan de mole is oan it útein fersierd mei in ienhoarn. De mole is eigendom fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel en kin besichtige wurde as hy draait.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]