De Prinsesse op 'e Earte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In yllústraasje fan Bertall.

De Prinsesse op 'e Earte, yn it oarspronklike Deensk: Prinsessen på Ærten (Nederlânsk: De Prinses op de Erwt; Ingelsk: The Princess and the Pea), is in mearke fan 'e hân fan de njoggentjindieuske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1835, as ûnderdiel fan 'e samling Eventyr, Fortalte for Børn: Første Hefte ('Mearkes, Ferteld foar Bern: Earste Boek'), yn 'e mande mei trije oare mearkes (De Tonderdoaze, Grutte Klaas en Lytse Klaas en 'De Blommen fan Lytse Ida'). 'De Prinsesse op 'e Earte' is ien fan Andersen syn bekendste mearkes, dat de skriuwer basearre op in Skandinavysk folksferhaal dat himsels as bern ferteld wie. It waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel 'Andersen's Folksforhalen en Mearkes'.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

'De Prinsesse op 'e Earte' is in koart mearke, dat ferhellet fan in prins dy't sa stomme graach mei in echte prinsesse trouwe wolle soe. Hy hat de wrâld yn't rûn reizge om sa'nent te finen, en prinsessen wiene der by 't folop, mar it moast wol in echten wêze, en mei elts fan 'e prinsessen dy't er mette, wie wol wàt, dat op 't lêst kearde er sûnder wat bedijd te hawwen wer werom nei hûs. Dan skillet der op in stoarmjûn in dweiltrochwiet frommeske oan. Hja hâldt út in echte prinsesse te wêzen, mar de prins syn mem, de keninginne, wit wol wat om te sjen oft it fanke de wierheid sprekt. Hielendal op 'e ûnderlegers fan in bêd leit se ien inkele earte, en dan leit se dêr tweintich matrassen oerhinne en dêroerhinne nochris tweintich fearrene bêden. It fanke dat prinsesse wêze wol, wurdt dêrnei dat bêd oanbean om op te sliepen. De oare moarns wurdt har frege oft se noflik sliept hat, mar se klaget dat se suver gjin wink yn 'e eagen hân hat en dat se op wat hurds lein hat dat se der grien en blau fan is. De prins is dan as in bern sa bliid: hy hat einlings en te'n lêsten in echte prinsesse fûn, om't inkeld in wiere prinsesse is sa tear fan fel dat shja troch tweintich matrassen en tweintich fearrene bêden hinne noch ien inkele earte fernimme kinne, ja, sterker noch, der pine fan lije kinne. Dat de prins nimt de prinsesse ta frou, en de earte, dy komt yn it keunstmuseum.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.