De Prins (restaurant)

Ut Wikipedy
De Prins (restaurant)
bouwurk
Hotel-kafee-restaurant De Prins yn Makkum yn 2011
Hotel-kafee-restaurant De Prins yn Makkum yn 2011
lokaasje
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Makkum
adres Tsjerkestrjitte 1
koördinaten 53°3'17" NB, 5°24'8" EL
bysûnderheden
type bouwurk hotel
boujier 17e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 510854 510854
kaart
De Prins (Makkum)
De Prins

De Prins is in hotel-kafee-restaurant oan de Tsjerkestrjitte 1 yn Makkum. It gebou stiet by de Slûs Makkum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Detail fan de tegelwand yn hotel-kafee-restaurant De Prins'

It blokfoarmige pand waard om 1870[1] boud en yn 1924 útwreide oan de efterkant. It pân waard nei 1898 ek brûkt as tramhalte op de tramline nei Harkesyl. It foarste part fan it gebou is twa lagen heech, dêr't de ûnderste laach fan wyt plastere is. De oanbou út 1924 telt trije boulagen mei in souderferdjipping. Yn de ytseal fan it gebou sit in tegelwand mei de ôfbylden fan tolve skippen. Elts ôfbyld is gearstald út 24 tegels. De wand is makke troch Adam Sijbel in tegelskilder út Amsterdam, dy't yn 1784 yn tsjinst trede by it tegelfabryk fan Kingma yn Makkum.

De Prins is erkend as ryksmonumint fanwege de seldsume tegelwand mei skipstablo's, de relaasje fan de ôfbyldingen fan de skippen mei de tichtby lizzende haven en de markante lizzing fan it gebou binnen it beskerme doarpsgesicht fan Makkum.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Stenvert en Karstkarel neame de perioade om 1870 hinne foar de bou fan it pân. Neffens de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod oanbelanget it lykwols in "overwegend laat-18de/vroeg-19de-eeuws gebouw"