De Potmarge (wetter)

Ut Wikipedy
Sicht op Ljouwert mei Achmeatoer (midden) en Wetterkampus (rjochts), sjoen fan in brêge oer de Potmarge
De Potmarge skildere troch in ûnbekende keunstner, om 1872
De Potmarge, 2019

De Potmarge is in wetter (rivierke) yn Ljouwert. It leit tusken de Suderstedsgrêft en de Wide Greons. It kin oan syn namme komd wêze troch pot = pet of poel, en marne = wetterstream.

Rûchwei fiif iuwen lang, oant 1944 ta, hat de Potmarge de bestjoerlike grins foarme tusken it stedsgebiet fan Ljouwert en it Sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel. Allinne it lêste rjochte stik wie alhiel Ljouwerters, want dêr gou de sydtûke of opfeart efter de Skrâns nei Winiaherne as grins. It wetter wie hast al dy tiid ek in natuerlike barriêre, mei inkeld in oerset tusken it doarp Huzum en in paad nei Efter de Hôven. De earste fêste iggeferbining kaam pas yn 1934, doe’t der in klapbrêge efter it eardere Mariënburch boud waard om benammen de roomske tsjerke- en skoallegongers út it súdeastlike stedspart te skewielen. Lykas de Ie en it Fliet wie de Potmarge by âlds in wichtich farwetter yn de ferbinings tusken Ljouwert en de omkriten. Foar fearskippers en merkfarders út Huzum, Tearns, Swichum, Wurdum en noch wat plakken wiene Wurdumerfeart en Potmarge de koartste wei nei de stêd. Gâns beweech wie der ek fan jiske-, pún-, túch- en dongpreammen sûnt yn 1685 oan de Potmarge, efter de Skrâns, it Ljouwerter jiskelân kommen wie.

De Potmarge yn deiboeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frijwat Ljouwerters makken har lêste reis oer de Potmarge om te hôf brocht te wurden yn Huzum of fierderop. Sa’n 'útfeart' gie winterdeis wolris oer it iis. Yn syn deiboek beskriuwt Jelle Sipkes fan Tearns it ôfskie fan syn heit, dy’t yn de stêd ferstoar en nei syn berteplak Wergea oerbrocht waard: Den 21sten January (1784) hebben wy uwe uitvaart met weinig volk wegens de gestringe koude geviert. (...) Men sette uw lijk op een wagen met twe paarden, waarvan het eene dat paard was, welken gij vele jaren tot uw rijpaard gebruikt hadde. Dus wierd uw lijk gereeden na Huisum, terwijle wij langs den weg gingen. (...) Des anderen morgens te halftien uur reden wij met een wagen en een sleed na Huisum, haalden uw lijk uit de kerk, setten het op de wagen en reden wegens de onbruikbaarheid der wegen daarmede over het ijs na Warga, en wel eerst van Huisum na het gewesene Tyneaset en vandaar de vaart langs na Hempens en verder over de meer na Warga.
Yn in oar deiboek, dat fan in provinsjereis yn 1823, wurdt troch de jonge Jacob van Lennep de Potmarge efkes by simmerdei fan Efter de Hôven wei besjoen: Na den eten gebruikten wij koffi en wandelden of liever huppelden over een beploegd land achter de tuin naar de Potmarge, hoofdrivier van Friesland! Teruggekeerd bij de dames in de koepelkamer dronken wij thee en zagen op een groot veld de schutterij exerceeren. Het geluid der trom joeg twee fraaie paarden van den Heer Van Haarsma in het water. Met moeite werden de arme dieren er uitgehaald. Yndied lei dêr, súdlik fan Tulpenburch, it skutterijfjild, dat yn 1863 troch de spoardyk trochsnien wurde soe.

It steamtiidrek en letter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Lijempf oan de Potmarge, ± 1920

It steamtiidrek gie ek oan de Potmarge net foarby. De skippen waarden grutter, dat de wetterwegen moasten breder en djipper. De Potmargepiip by de Sudergrêftswâl kaam in draaibrêge foar yn ’t plak (1857), de Potmarge waard slatten (1858) en oant de iepening fan it Nije Kanaal yn 1895 ta bleau er ien fan de drokst befearne wetters by Ljouwert. Ek dêrnei kloeten, sylden en steamden elke dei noch kloften skippers troch syn skolperige, faak ek grommelige wiet, bylâns túnkerijen, greiden en pôlen. De yndustry droech dêr ek sines ta by: it Steam-Striekartonfabryk (1867), letter op itselde plak de Lijempf (1912), it Huzumer gasfabryk (1907). Fierders wie der altyd noch it libbene ferkear fan plezierfarders. En fansels dat fan de gerniers nei en fan de feiling, dy’t yn 1931 ferpleatst waard fan de Easterkaai nei it eardere jiskelân en yn 1954 jitris ferfear nei in plak njonken it doe al sluten gasfabryk. Yn de jierren sechstich, doe’t de Aldlânsbrêge der kaam, wie it dien mei de Potmarge as trochgeand farwetter.

De lêste kwekerij oan de Potmarge gie ticht yn april 2016[1]. CSG Comenius sil op dat plak sportfjilden oanlizze.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Laatste kweker vertrekt uit de Potmarge, Frysk Deiblêd, 25 april 2016, s. 23