De Moriaan

Ut Wikipedy
De Moriaan

De Moriaan is it âldste bakstiennen hûs fan Nederlân. It gebou stiet oan de Markt yn de binnenstêd fan De Bosk. It is boud yn de 13e iuw en wurdt no brûkt troch de pleatslike VVV en in kafee, Plein 79. Yn de kelder binne noch 13e iuwske balken te sjen.

De Moriaan waard neffens de oerlevering yn 1220 boud troch Hindrik I fan Brabân foar syn freon Beckerlijn. It betreft in goatysk bakstiennen sealhûs mei in rûn tuorke.

Yn it tiidrek dat De Moriaan boud waard, waarden der yn 's-Hertogenbosch mear fan sokke gebouwen oplevere. Alle oare soksoarte gebouwen binne lykwols (foar it meastepart) sloopt of binne net mear as sokke huzen werom te kennen.

Yn 1956 woe de gemeente De Bosk it pân slope, om it ferkear mear romte te jaan. Yn in spesjale gearkomste is úteinlik de minister frege om in sloopfergunning te wegerjen, wat úteinlik slagge is. Dêrnei waard der yn de jierren sechtich in restauraasje útfierd.

Nei de restauraasje naam de VVV in part fan it pân yn gebrûk. [1] It meardielige gebou hat op de Merk de húsnûmers 79 oant 85 en is sûnt 1965 erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 's-Hertogenbosch binnen de Veste. Een historische verkenningstocht - Frans van Gaal en Peter Verhagen, Adr. Heinen Utjouwers, De Bosk, 2001.

---