De Lokkige Famylje

Ut Wikipedy
De Lokkige Famylje
algemiene gegevens
oarspr. titel Den Lykkelige Familie
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1848, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Nye Eventyr: Andet Bind:
   Anden Samling
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Lokkige Famylje
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

De Lokkige Famylje, yn it oarspronklike Deensk: Den Lykkelige Familie, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1848, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr: Andet Bind: Anden Samling ("Nije Mearkes: Oarde Bân: Oarde Samling"), yn 'e mande mei fiif oare mearkes (It Ald Hûs, De Wetterdrip, It Lytse Famke mei de Swevelstokken, It Ferhaal fan in Mem en De Krage). De Lokkige Famylje is in grappich teltsje dat net ien fan Andersen syn bekendste mearkes is, mar dat yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset waard yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It mearke set útein mei te fertellen dat it grutte poddeblêd it grutste blêd is dat "hjir yn it lân" groeit. It is in útlânske soarte, dy't hjirhinne helle is troch de hegerein. Want dy mocht eartiids sa graach slakken ite, en de lekkerste slakken wiene grutte witen, fan in útlânske soarte dy't graach it poddeblêd friet, dat sadwaande. No is it iten fan slakken al lang ferline tiid, mar it poddeblêd groeit hjir noch altyd. Der is in âld stins wêrfan't de tún alhiel oerwoekere is fan it guod, en ûnder dy blêden libje de lêste beide wite slakken fan it lân, want foar de rest binne se opiten of útstoarn.

Dy beide wite slakken witte dat se by âlds fan in útlânsk skaai binne, en dêr binne se wakker grutsk op. It muoit har wol dat blykber alle minsken op 'e wrâld útstoarn binne, want oars wiene se grif wol, lykas har folk foarhinne, sean wurden en op in sulverne skaal lein. Net dat se rjocht foar it ferstân hawwe wat dat ynhâldt, mar it klinkt har mar foarnaam yn 'e earen. Om't se sels mar gjin bern krije, hawwe dizze lêste wite slakken in lânseigen swart slakje oannomd en grutbrocht. Dat is har soan, dêr't se wakker wiis mei binne. Mei help fan 'e eamels en de miggen slagje se foar him oan in kreas slakkejufferke om mei te trouwen. Nei de brulloft lûke de wite slakken har werom yn har húske en ervje de jonge slak en syn breid de hiele wrâld, en hiel de famylje is sa lokkich as ien — om't se net better witte, liket Andersen hjir te ymplisearjen; mei oare wurden: kennis makket net gelokkich.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.