De Lauwers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rin fan de Lauwers
Slûzen (1882) yn de Lauwers yn Muntsjesyl
Lauwers by Fiskflyt fanôf de Gerkesbrêge (noarden)
Alde Lauwers by De Leechte (suden)
Syldjip yn Pitersyl (noarden)
Gesicht fan de Friesche Sluis ôf op de mûning fan de Muntsjesylsterryd foar de slûs

De Lauwers is de grinsrivier tusken Fryslân en Grinslân, en ek de foartsetting dêrfan yn de foarm fan it seegat tusken Skiermuontseach en Rottum.

Bopperin[bewurkje seksje | edit source]

Tsjintwurdich leit de boarne fan de Lauwers yn it leechfean súdeastlik fan Surhústerfean. Foar it ôfgraven fan it heechfean lei de boarne lykwols in stik súdliker, yn it gebiet tusken de doetiidse gritenij Smellingerlân en it Westergoa.

Fan de bopperin fan de Lauwers is net mear oer as in foege sleat. De Lauwers wurdt by Strobos krúst troch it Prinsesse Margrietkanaal, en noardliker troch it spoar fan Ljouwert nei Grins.

Underrin[bewurkje seksje | edit source]

Benoarden it spoar, komt de Aldfeart, dy't likernôch deselde kant út rint, yn de Lauwers út, en dêrmei krijt de Lauwers it oansjen fan in rivier. Nei't de rivier Fiskflyt foarby rint, split er benoarden fan dat plak yn twa earms. De westlike earm, de Alde Lauwers, is de oarspronklike rin fan de rivier. De eastlike, it Syldjip is in kanalisearring oanlein troch de muontsen fan it kleaster Jeruzalem. Foarby Pitersyl komme de earms wer by elkoar. Fan dêr rint de rivier nei it noarden nei Muntsjesyl.

Utrin[bewurkje seksje | edit source]

By Muntsjesyl rûn de Lauwers earder yn de Lauwerssee. Mei it oanwinnen fan nij lân kaam der lykwols ferlet fan in nije syl, de Bûtensyl. Dêr foarby rint de Muntjesylster Ryd nei it noardeasten, oant dy by it Reitdjip komt. Foar it ôfsluten fan it Reiddjip rûnen de riden njonken elkoar nei it noarden, oant de Lauwers yn de omkriten fan de Griene Plaat útkaam yn it Ryddjip. Hjoeddedei wurde se fierder laat nei it noardwesten, en komt de Muntsjesylster Ryd fia de Fryske Slûs út yn de Sâltkamper Ril. Fia de Lauwersmar en de Lauwersslûzen hat de Lauwers in ferbining mei de Waadsee, en fan dêr fia it Sâltkamper Leech troch it Fryske Gat mei de Noardsee.

De mûning fan de Lauwers lei earder mear nei it noardwesten. Neffens guon boarnen soe de Lauwers oant likernôch 1300 fia de Lauwerssee lâns de eastkant fan Skiermuontseach (op it plak dêr’t tsjintwurdich it doarp leit) yn de Noardsee útkommen wêze. Yn de 17e ieu wienen it eilân en it seegat al sa fier opskoot dat it wetter doe oan beide kanten by it eilân lâns gong, en yn de 20e ieu is de ferbining mei it eastlik seegat ferdwûn. Ek sûnder dy ferbining hjit lykwols it seegat tusken Skiermuontseach en Rottum noch "Lauwers".

Grins[bewurkje seksje | edit source]

De Lauwers is al ieuwen de grins tusken Fryslân en Grinslân. Ek fan de grins dy't yn de Lex Frisionum neamd wurdt, wurdt meast oannaam dat dy de Lauwers oantsjut. Fanwegen de opdieling fan it Fryske gebiet oer dizze line, wurdt de provinsje Fryslân wol oantsjut as Westerlauwersk Fryslân, en de taal dy't dêr sprutsen wurdt as Westerlauwersk Frysk. De grins rint ek troch it seegat; it formele ferrin fan de grins moat derby oanpast wurde oan it wanneljen fan de eilannen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]