De Krúswei (herberch)

Ut Wikipedy
Kafee-restaurant deKruisweg anno 2010
Hynstetram by de Krúswei

De herberch de Krúswei is in monumintaal gebou oan de Haadwei yn Damwâld yn de Nederlânske provinsje Fryslân. Damwâld ûntstie yn 1971 doe't de doarpen Dantumawâld, Ikkerwâld en Moarrewâld byinoar foege waarden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brânskildere rút fan de Krúswei

De herberch waard yn 1881 set, lykas ek it gemeentehûs fan Dantumadiel dat der neist leit. De Ljouwerter Krante fernijde dat it logemint op 1 novimber 1881 iepene waard.[1]De herberch hat sûnt altyd in horekafunksje hân.

Oarspronklik wie de Krúswei teffens in halte fan de hynstetram fan Feanwâlden nei Dokkum, mei in stâl foar de hynders. Yn de earste helte fan de 20e iuw wie der by de Krúswei in roltsjeridersbaan, dy't letter troch in boarterstún ferfongen waard. Op it plak fan de boarterstún is de herberch útwreide mei in ekstra seal. Yn 2009 waard de gemeente Dantumadiel eigner fan it pân en wurdt it ferhierd as horekaûndernimming.[2]

De jugendstileftige glês-yn-leadramen (sjoch ôfbyld) binne neityd oanbrocht troch glêshannel M.J. Houwink út Snits.[3]Ek de houten loggia, oan de lofterkant fan it pân, is fan letter datum.

It gebou is sûnt 1982 erkend as in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante 7 novimber 1881: Logement te Murmerwoude
  2. Damwaldnet: Café de Kruisweg
  3. Ljouwerter Krante 14 oktober 1881: Rustig en vreedzaam