De Iendracht (Kimswert)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Iendracht yn 2008

De Iendracht is in poldermole súdwest fan it doarp Kimswert yn de gemeente Wûnseradiel. It is in greinen achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

De Iendracht waard yn 1872 boud foar de bemealling fan de dat jier ree komde polder mei deselde namme. Tusken 1966 en 1975 wie foar dat doel yn de mole ek in dieselmotor oanwêzich. De Iendracht, dy't eigendom is fan de Stifting De Fryske Mole, waard yn 1975 restaurearre. It Wetterskip Fryslân hat de mole yn 2006 oanwiisd as reservegemaal foar slimme wetteroerlêst.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]