De Hoop (Stiens)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Hoop yn Stiens

De wynmole De Hoop is in stellingmole yn Stiens en waard boud yn 1853. It is in houten achtkant mei stiennen ûnderbou. De mole wurdt brûkt as nôtmole en hat twa koppel mealstiennen.

De binnenroede fan it wjukkenkrús hat Van Bussel-noazen mei Ten Havekleppen en de bûtenroede hat it Fauelsysteem mei remkleppen. De mole hat in neutenkruiwurk mei 16 neuten, dat betsjinne wurdt mei in kruilier mei rûngeand keatling.

Boppe de tagongsdoar hinget in ôfbyld fan it Ambachtlik Nôtmûnders Gilde. De mole is restaurearre yn 1978 en yn 1992. Eigener fan de mole is de gemeente Ljouwerteradiel.

Ofbylden[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]