De Hoop (Readtsjerk)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Hoop

De Hoop is in poldermole benoarden it doarp Readtsjerk yn de gemeente Dantumadiel. It is in houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

De Hoop waard yn 1863 boud by it Grinslanner Scharmer. Nei dêr alris twa kilometer ferpleatst te wêzen, waard de mole yn 1911 oerbrocht nei syn hjoeddeiske lokaasje. Op advys fan Provinsjale Wettersteat waard yn 1961 meganyske bemealling oanbrocht, al bleau bemealling op wynkrêft mooglik. De mole waard yn 1961, 1969 en 1975 restaurearre. De Hoop, dy't eigendom is fan de Stifting De Fryske Mole, wurdt bytiden brûkt as lesmole foar frijwillige moolners.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen