De Grutte Mûne (Broeksterwâld)

Ut Wikipedy
De Grutte Mûne (Broeksterwâld)
mûne / mole
De mûne yn 2022 mei de wjukken yn roustân fanwegen ferstjerren mûnder
De mûne yn 2022 mei de wjukken yn roustân fanwegen ferstjerren mûnder
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Broeksterwâld
adres Boarg. Nautawei 4-A
koördinaten 53° 16' N 5° 58' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen fan de Broekpolder
flecht 22,54 meter
boujier 1887
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11678
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
De Grutte Mûne (Fryslân)
De Grutte Mûne

De Grutte Mûne is in poldermûne west fan it doarp Broeksterwâld yn it Bûtenfjild yn de gemeente Dantumadiel.

De Grutte Mûne is in foarse muonts, dy't in houten achtkant op stiennen fjildmuorren hat. De reiddutsen mûne hat in flecht fan 22,57 m. Flakby stiet de Broek- of Lytse Mûne, in lyksoartige lytsere mûne, mei deselde funksje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske Grutte Mûne waard boud yn 1887 nei't de foargonger út 1879 ôfbaarnde. Bouwer Gerben van Wieren út Jannum boude de mûne mei twa skroeven wer op. Nei't yn 'e Westereen yn 1926 in gemaal iepene waard, krige de mûne in koartere skroef. De lytste skroef waard yn 1934 oerbrocht nei de Lytse Mûne. Nei't de mûne yn 1943 in sentrifugaalpompe krige, rekke de mûne bûten gebrûk.

Oarspronklik hie de mûne selsswichting, dy't by in restauraasje yn 1994 ferfongen waard troch âldhollânsk hekwurk. By in lettere restauraasje krigen de wjukken de selsswichting werom.

De mûne wie ornearre foar it bemeallen fan de Broekpolder, mar meallet no yn sirkwy om't er net mear op de Fryske boezem oansletten is. Opfallend is de útsûnderlik hege útskoat fan de mûne.

Eigner fan de Grutte Mûne is de Stifting De Fryske Mole.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: