De Golle

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Golle wie in blêd oer Fryske literatuer.

It waard oprjochte troch in tal yn Amsteradm studearjende Fryske jongeren. Dy seagen tydskrift De Tsjerne as in ferkalke blêd fan de fêstige oarder, fan “minsken dy’t arrivé wiene”. It niveau wie harren te leech en út ûnfrede oer de mentaliteit fan De Tsjerne-redaksje rjochten se yn 1953 it blêd De Golle op, dat nei trije nûmers fierder gie ûnder de namme Quatrebras (fjouwersprong).

De redaksje fan Quatrebras makke har sterk foar foarmfernijing fan de Fryske literatuer en liet har ynspirearje troch ûnder oare de Cobra-beweging en de Fyftigers.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels