De Godlike Komeedzje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Godlike Komeedzje yn it oarspronklike Italjaansk La Divina Commedia, is in epysk gedicht fan 'e hân fan 'e grutte Midsieuske Florintynske dichter Dante Alighieri (1265-1321). It wurdt rûnom beskôge as it hichtepunt fan 'e Italjaanske literatuer en ien fan 'e grutste wurken fan 'e wrâldliteratuer. Dante skreau De Godlike Komeedzje yn ballingskip yn Verona, tusken 1308 en syn dea, en beskriuwt der in optochte reis yn dy't er makket troch it hjirneimels, troch hel, faaiefjoer en paradys. Hy neamde syn masterwurk ienfâldichwei syn Commedia; it wie Giovanni Boccaccio, dy't it yn 1360 syn hjoeddeiske titel joech. Mei De Godlike Komeedzje lei Dante de basis mei foar de lettere hegemony fan it Toskaanske dialekt, dêr't it Standertitaljaansk op grûne is. De Fryske oersetting fan Piter Wibertus Brouwer waard útjûn yn 2008.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

De earste drukte printinge, fan 11 april 1472.

De fantastyske en allegoaryske fisy fan it hjirneimels dy't De Godlike Komeedzje biedt, is de kulminaasje fan it Midsieuske wrâldbyld, sa't dat him ûntjûn hie ûnder de oerweldigjende ynfloed fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. It epos beslacht 14.233 fersregels en bestiet út trije dielen, dy't gearfalle mei hel (Inferno), faaiefjoer (Purgatorio) en paradys (Paradiso). Elts fan 'e trije dielen bestiet út 33 canto's of lieten. In ynliedende canto dy't ornaris ta it earste diel rekkene wurdt, bringt it totale oantal op 100.

Yn De Godlike Komeedzje, dy't yn it ik-perspektyf skreaun is, wurdt ferteld hoe't Dante tusken Goede Freed en de woansdei nei Peaske fan it jier 1300 troch hel, faaiefjoer en paradys reizget. Syn gids troch hel en faaiefjoer is de Romeinske dichter Fergilius, wylst er troch it paradys begelaat wurdt troch Beatrice, syn eigen ideaalbyld fan 'e frou. Op in djipper nivo fertsjintwurdiget it ferhaal de allegoaryske reize fan 'e minsklike siel nei God.

De struktuer fan 'e trije riken fan it hjirneimels bestiet út in mienskiplik nûmeryk patroan fan 9 plus 1 om in totaal fan 10 te berikken. Der binne 9 rûnten fan 'e hel, mei hielendal ûnderoan as tsiende rûnte de duvel sels; der binne 9 rûnten fan it faaiefjoer mei oan 'e top as tsiende rûnte it Hôf fan Eden; en der binne 9 himelske lichems fan it paradys, mei as uterste God Sels.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

De Fryske oersetting fan La Divina Commedia ferskynde yn 2008 ûnder de titel De Godlike Komeedzje by Elektroanyske Letteren Fryslân te Ljouwert, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, de fraters fan Tilburch, de fraters fan Utert, it bisdom Grins-Ljouwert en de Douwe Kalma Stifting. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Piter Wibertus Brouwer te Rotterdam, dy't, te sjen oan 'e datearring fan syn ynlieding, der yn 2004 al dien wurk mei makke hie. It boek waard op 12 septimber 2008 troch it Literêr-Histoarysk Wurkferbân presintearre oan prefester Silvio Marchetti, de kultureel attasjee fan Itaalje, op 'e dies natalis (jierdei) fan 'e Fryske Akademy.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Alighieri, Dante, De Godlike Komeedzje, Ljouwert, 2008 (Utjouwerij ELF), ISBN 978-9 07 15 60 057.