De Friesland Zorgverzekeraar
De Friesland Zorgverzekeraar, koartwei De Friesland, is in Nederlânske soarchfersekerder. De Friesland is in selsstannich bedriuw en heart net by in grutter gehiel of by in konstruksje mei oare fersekerders.
Skiednis [bewurkje seksje]
It bedriuw ûntstie út in groep sikefûnsen en sikekassen yn de 20e ieu. It âldste fûns dêrfan wie Recht door Zee, dat al yn 1815 stifte waard.
Mei de yntroduksje fan de Basisfersekering krige De Friesland der 125.000 nije klanten by. Dêrtroch is no 65% fan de provinsje Fryslân, dêr’t it bedriuw benammen aktyf is, klant fan De Friesland. Dêrneist hat it bedriuw ek in protte klanten yn de oare fiif noardlike provinsjes: Grinslân, Drinte, Oerisel, Flevolân en Noard-Hollân, yn dy provinsjes is likernôch 8% fan de minsken klant fan De Friesland.
De Friesland is foar 10,5% oandielhâlder fan Sportstêd It Hearrenfean.
De Friesland is lid fan de skiftorganisaasjes Zorgverzekeraars Nederland (ZN) en de Vereniging Regionale Zorgverzekeraars (VRZ).
Organisaasje [bewurkje seksje]
De Koöperaasje De Friesland U.A. is de sintrale rjochtspersoan.
Fierders binne der noch fjouwer rjochtspersoanen:
- Onderlinge Waarborgmaatschappij De Friesland Zorgverzekeraar U.A.: Dy docht de útfiering fan de AWBZ en de Soarchfersekeringswet.
- Onderling Waarborgmaatschappij De Friesland Particuliere Ziektekostenverzekeringen.: Dy is ferantwurdlik foar it útfieren fan de oanfoljende fersekerings.
- De Friesland Reisverzekeringen N.V.: Dêr wurde de reisfersekerings en oare fan dat soart fersekerings ôfwurke.
- De Friesland Verzekeringen B.V.: Dy hâldt him dwaande mei de fersekeringsbemiddeling, benammen foar produkten fan tredden.