De Fortún (mole)

Ut Wikipedy

De Fortún wie ien fan de moles dy't oan de Molewyk op It Hearrenfean stien hat. Neidat dizze seachmole eigendom west hie fan Elias Hiddinga, bynamme "de keapman",(dy't yn 1826 ferstoar) en dy syn soannen Hermanus, Klaas en Johannes, kaam de mole oan de hearen Van Voorst en J.G. Weenink. Weenink wurdt yn it gemeenteferslach fan 1866 as eigener neam en wurdt yn 1871 opfolge troch A. van Riesen. Dizze sloopte de mole tusken 1881 en 1886 foar in part. W. van Riesen melde dat blikens in ynskripsje De Fortún yn 1771 boud wie. As dat sa is dan soe dit de mole wêze dy't yn 1781 oan de westkant fan de Dracht oanjûn wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • S.J. van der Molen - "De Molens van het Meer en Heerenveen" (krante-artikel)