De Cocksdoarp

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing
De Cocksdorp

De Cocksdoarp (Tesselsk: Durrep) is in doarp yn de gemeente Tessel, op it waadeilân Tessel, yn de provinsje Noard-Hollân. It doarp hat sa'n 1.260 ynwenners.

Oarspronklik lei yn de kwelder tusken de eilannen Aailân en Tessel. De kwelder wie ûntstien neidat yn 1610 de Sândyk dy't de twa eilannen ferbûn, oanlein waard. Yn 1835 rjochte de Antwerpener Nicolas Joseph de Cock yn'e mande mei inkelde oare hearen in NV op dy't de kwelder tusken Aailân en Teksel ynpolderje woe om dêr in agraryske bestimming oan te jaan. Yn de nije polder Eierlân waard yn 1836 in doarp stifte dat yn it earstoan Nieuwdorp hjitte, mar dat letter nei De Cock neamd waard: De Cocksdoarp.

Fia de Molenbosk kin de Aailânske Dunen berikt wurde en ek de natuergebieten De Krim en De Slufter. Oan de eastkant fan it doarp leit de Roggesleat.

Elts jier yn july en augustus is der tongerdeis ringstekken yn it doarp.

Kempings[bewurkje seksje | edit source]

De grutste kemping yn it doarp is 'De Krim', it grutste fan Teksel en fan de oare waadeilannen. Der binne ek noch it Landal-fakânsjepark 'Sluftervallei' en 'Hotel Texel'.

De Cocksdorp: de Waadtsjerke
Ynterieur Waadtsjerke