De Canterbury Ferhalen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In houtfyk fan William Caxton syn twadde edysje fan The Canterbury Tales, printe yn 1483.

De Canterbury Ferhalen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Canterbury Tales, is in samling fan 23 koarte ferhalen mei in ramtfertelling dêromhinne, dat it (ûnfoltôge bleaune) masterwurk foarmet 'e Midsieuske Ingelske dichter, skriuwer, filosoof, algemist en astronoom Geoffrey Chaucer (1343-1400). It is oan 'e ein fan 'e fjirtjinde ieu skreaun yn it Midingelsk en bestiet grutdiels út fersen, al binne twa fan 'e ferhalen yn proazafoarm. The Canterbury Tales ferhelje oer groep pylgers dy't mei-inoar fan Southwark, by Londen, nei de skryn fan 'e hillige Thomas Becket, te Canterbury, reizgje en inoar ûnderweis ferhalen fertelle. Chaucer brûkte de ferhalen om in maatskippijkritysk byld fan it doetiidske Ingelân te jaan; dêrby falt benammen syn iroanyske beskriuwing fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke op. De Fryske oersetting fan Klaas Hoekstra kaam út yn 2010.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

It is dreech om krekt fêst te stellen wannear't Chaucer The Canterbury Tales skreaun hat. Twa fan 'e ferhalen, The Knight's Tale (It Ferhaal fan de Ridder) en The Second Nun's Tale (It Ferhaal fan de Twadde Non), waarden nei gedachten al skreaun ear't ea it idee foar de ramtfertelling by him op kaam. Oer it algemien giet men derfan út dat Chaucer yn 'e lette 1380-er jierren oan The Canterbury Tales as gehiel begûn is te wurkjen en dêrmei trochgie oant syn dea yn 1400.

Kwa struktuer liket de samling wol wat op 'e Decamerone fan Giovanni Boccaccio, dy't Chaucer mooglik op syn earste diplomatike misje nei Itaalje, yn 1372, lêzen hie. In protte wurken út dy tiid brûkten in ramtfertelling om ôfsûnderlike ferhalen mei-inoar te ferbinen, mar Chaucer syn wurk ûnderskiedt him dêrfan trochdat it yn syn gefal om hiel útinoar rinnende teltsjes giet, wylst de measte ramtfertellings in mienskiplik, faak religieus, tema hiene.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Op in aprildei komt der in groep Ingelske pylgers, mei dêrûnder ek de skriuwer (Chaucer) sels, gear by in herberge yn Southwark, besuden Londen. De weard, Harry Bailey, jout him ek by harren. Se sette ôf op beafeartsreis nei Canterbury, dêr't de skryn fan 'e hillige Thomas Becket is. De groep bestiet út alderlei slach folk, fan geastliken en eallju oant hantwurkslju. Bailey stelt út om in wedstryd te hâlden yn it fertellen fan ferhalen: alle pylgers sille fjouwer ferhalen fertelle, de hinneweis twa en de weromweis nochris twa. Hysels sil dan it bêste ferhaal útkieze en de winner sil op 'e kosten fan 'e oare pylgers in jimmet oanbean krije yn Bailey syn herberge.

Dêrop begjinne de pylgers ien foar ien in ferhaal te fertellen. Mei't der tritich pylgers binne, Chaucer sels ynbegrepen, soene der 120 ferhalen wêze moatte. Mar troch Chaucer syn foartidige dea is de samling stykjen bleaun op 23 ferhalen plus de prolooch fan it 24ste. Dêrby besteget Chaucer net in soad oandacht oan 'e reis sels, noch oan 'e tiid dy't foarby giet, noch oan 'e spesifike plakken op 'e wei nei Canterbury; it is dúdlik dat it him eins allinne mar om 'e ferhalen te dwaan wie. Mei't de pylgers in grut ferskaat fan eftergrûnen hawwe, rinne de ferhalen dy't se fertelle ek sterk útinoar. Sa wurde de hoaske leafde, ferrie, deunens en oerhoer behannele en wurdt der gebrûk makke fan ferskillende literêre sjenres, lykas de fabel (yn The Nun's Priest's Tale) en de ridderroman (yn The Knight's Tale).

Yndieling[bewurkje seksje | edit source]

De yndieling fan 'e ôfsûnderlike ferhalen binnen The Canterbury Tales ferskilt noch alris, al komme The Knight's Tale en de The Miller's Tale altyd earst en it ûnôfmakke The Parson's Tale altyd efteroan. Hjirûnder is de yndieling oanholden út 'e Fryske oersetting fan Klaas Hoekstra. Ek de Fryske foarmen dy't hjir neamd wurde, binne oernommen út Hoekstra syn oersetting. Ien fan 'e beide proazaferhalen, The Tale of Melibee ("It Ferhaal fan Melibéus"), it twadde ferhaal dat troch Chaucer sels ferteld wurdt, en dat folget op Chaucer's Tale of Sir Thopas, is út 'e Fryske oersetting weilitten, krekt sa't dat it gefal is mei in soad moderne Ingelsktalige ferzjes. De reden dêrfoar is dat it in tige lang en net bjuster nijsgjirrich ferhaal is dat Chaucer eins oerset hat út it Frânsk nei de Livre de Melibée et de Dame Prudence fan Renaud fan Louens, dy't it wer oernommen hie út 'e Latynske Liber Consolationis et Consilii fan Albertanus fan Brescia.

  • General Prologue (Algemiene Prolooch)
  • The Knight's Tale (It Ferhaal fan de Ridder)
  • The Miller's Tale (It Ferhaal fan de Mealder)
  • The Reeve's Tale (It Ferhaal fan de Meier)
  • The Cook's Tale (It Ferhaal fan de Kok)
  • The Man of Law's Tale (It Ferhaal fan de Rjochtsgelearde)
  • The Shipman's Tale (It Ferhaal fan de Skipper)
  • The Prioress's Tale (It Ferhaal fan de Priores)
  • Chaucer's Tale of Sir Thopas (It Ferhaal fan Chaucer oer Hear Thopaas)
  • The Monk's Tale (It Ferhaal fan de Muonts)
  • The Nun's Priest's Tale (It Ferhaal fan de Nonnepryster)
  • The Wife of Bath's Tale (It Ferhaal fan de Frou út Bath)
  • The Friar's Tale (It Ferhaal fan de Biddelmuonts)
  • The Summoner's Tale (It Ferhaal fan de Oanbringer)
  • The Clerk's Tale (It Ferhaal fan de Studint)
  • The Merchant's Tale (It Ferhaal fan de Keapman)
  • The Squire's Tale (It Ferhaal fan de Jonker)
  • The Franklin's Tale (It Ferhaal fan de Heareboer)
  • The Physician's Tale (It Ferhaal fan de Dokter)
  • The Pardoner's Tale (It Ferhaal fan de Oflaatkreamer)
  • The Second Nun's Tale (It Ferhaal fan de Twadde Non)
  • The Canon's Yeoman's Tale (It Ferhaal fan de Kanunnik syn Feint)
  • The Manciple's Tale (It Ferhaal fan de Húsbewarder)
  • The Parson's Tale (De Prolooch fan de Pastoar)

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1970 sette Klaas Bruinsma The Prioress's Tale oer yn it Frysk, ûnder de titel It Teltsje fan de Priorinne, en publisearre it yn twa dielen yn it tydskrift De Strikel (nû. f. okt. en des.). Yn 1983 sette er ek The Miller's Tale oer (as It Teltsje fan de Mounder), en dat publisearre er yn it blêd Trotwaer (ôfl. 3-4, s. 195-213). De folsleine Fryske oersetting fan The Canterbury Tales ferskynde yn 2010 ûnder de titel De Canterbury Ferhalen by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting. Dizze fertaling wie fan 'e hân fan Klaas Hoekstra te Lúnbert, dy't it boek ek fan in ynformative ynlieding foarseach.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Chaucer, Geoffrey, De Canterbury Ferhalen, Ljouwert, 2010 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 42 663.