De Brulloft fan it Laam

Ut Wikipedy
De Brulloft fan it Laam
algemiene gegevens
oarspr. titel Ter Zelver Bruiloft
auteur Joost van den Vondel
taal Nederlânsk
foarm poëzij
sjenre lyrysk gedicht
skreaun 1674
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Brulloft fan it Laam
publikaasje 1983, yn Trijeresom
oersetter Klaas Bruinsma

De Brulloft fan it Laam, yn it oarspronklike Nederlânsk: Ter Zelver Bruiloft, is in gedicht fan 'e hân fan 'e grutte Nederlânske dichter en toanielskriuwer Joost van den Vondel (1587-1679). It is in koart dichtwurk dat bestiet út fiif fjouwerregelige kûpletten mei it ienfâldige rymskema a-a-b-b, dat yn 1674 skreaun is yn in ier Nijnederlânsk fokabulêre dat, ôfsjoen fan 'e eksintrike stavering, net bjuster ôfwykt fan modern taalgebrûk; it is yn elts gefal noch goed nei te kommen. Ter Zelver Bruiloft is net, sa't it op it earste each liket, in gelegenheidsfers dat foar de brulloft fan in beskaat pear skreaun is, mar is ynstee in útnûging oan 'e roomske leauwenden ta de eucharisty, om it Hillich Sakramint (de hosty) te ûntfangen, en de geastlike brulloft fan it Laam Gods (Jezus Kristus) mei de Memmetsjerke te fieren. De Fryske oersetting fan Ter Zelver Bruiloft ferskynde yn 1983 fan 'e hân fan Klaas Bruinsma.

Oarspronklike Nederlânske tekst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ter zelver bruiloft
Ter bruiloft van het zuiver Lam,
't Welk uit den schoot des vaders quam,
En om de menschen heeft geleden,
Wort elk genoodigt en gebeden.
De bruigom komt: houdt u gereet.
Trekt aen het witte bruiloftskleet.
Hy zal ze, die zyn komst verbeyden,
Verheught op 't hooge feest geleyden.
Wat openbaert zich hier een dagh,
Die 't oor noit hoorde, 't oogh noit zagh!
Noit kon een sterflyk hart bevroeden
Den overvloet van zoo veel goeden.
Portret fan Vondel troch Ph. Koninck (1665).
Hier bloeit een eeuwigh Paradys.
Verborgen Manna strekt hier spys.
Hier klinken harpen en cimbalen
Op zang van hemelsche kooraelen.
Gelieven, wien dit huwlyxlot
Beschoren wert alleen van Godt,
Wy wenschen, dat hy u wil geven
De volle vreught in 't ander leven.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ter Zelver Bruiloft waard ûnder de titel De Brulloft fan it Laam yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, dy't dy fertaling yn 1983 publisearre yn it jannewarisnûmer fan it tsjerkebledsje Trijeresom fan 'e herfoarme gemeenten fan De Rottefalle, Drachtster Kompenije en Boarnburgum-Koartehimmen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vondel, Joost van den, De Brulloft fan it Laam (oers. Klaas Bruinsma), yn: Trijeresom (Tsjerkeblêd fan 'e herfoarme gemeenten fan De Rottefalle, Drachtster Kompenije en Boarnburgum-Koartehimmen, 4de jiergong (1983), jannewarisnû., s. 8-9.

sekundêre boarnen: