De Adelaarshorst

Ut Wikipedy
De Adelaarshorst
  stadion
De Adelaarshorst, 2019
De Adelaarshorst, 2019
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Oerisel
gemeente Dimter (gemeente)
plak Dimter
algemiene ynformaasje
type fuotbalstadion
teams Go Ahead Eagles
kapasiteit 8.011
type oerflak gers
eigner Gemeente Dimter
bou
iepening 1920
arsjitekt M. van Harte (jierren '30)
kaart
De Adelaarshorst (Oerisel)
De Adelaarshorst
Lokaasje fan De Adelaarshorst yn Oerisel

De Adelaarshorst is in fuotbalstadion yn Dimter, dat leit oan 'e Vetkampstraat. It stadion wurdt sûnt 1920 brûkt troch de Go Ahead Eagles.

Nei it lânskampioenskip yn 1922 waard begûn mei de bou fan in oerdekte tribune, dy't de klup twa jier letter yn gebrûk naam. Twa kampioenskippen letter (1930 en 1933) iepene Go Ahead har haadtribune, ûntwurpen troch de Dimter arsjitekt Maarten van Harte. Yn de jierren '50, doe't it betelle fuotbal har yntree die, waarden ek de oare trije siden oerdekt.

De wedstriid mei de measte taskôgers wie op 29 septimber 1965 tsjin Celtic FC. Op dizze Europeeske wedstriid van Go Ahead kamen sa'n 25.000 minsken ôf.

Yn de jierren '80 is de kapasiteit fan it sintraal lizzende stadion flink werombrocht, dêr't de steanplakken op 'e IJsseltribune (tsjinoer de âlde haadtribune) ferfongen waarden troch sitplakken. De stuoltsjes hie de klup út De Kuip, it stadion van Feyenoord, helle.