Date rape

Ut Wikipedy

Date rape ("útgeansferkrêfting") is in foarm fan ferkrêfting wêrby't in persoan troch dejinge mei wa't hy of sy útgiet of op in ôfspraakje is, mei geweld of op in oare manear tsjin har of syn wil twongen wurdt ta seksuële mienskip. Gauris is hjirby sprake fan in troch bedwelming mooglik makke sedemisdriuw, wêrby't in piltsje of in poeierke, lykas it beruchte sliepmiddel Rohypnol ®, oan in drankje tafoege wurdt as it slachtoffer der eefkes net om tinkt. It slachtoffer rekket troch sa'n middel út 'e tiid, wat har of him wilsûnbekwaam makket, sadat de folgjende seksuële omgong foar de wet altiten as ferkrêfting beskôge wurde sil, sels as it slachtoffer der wol mei ynstimd hawwe soe as sy of hy dêrta by steat west hie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.