Dar
In dar is in manlike bij. Darren ûntstean út ûnbefruchte aaikes. De aaikes, ek dy fan de wurkster en folgjende keninginnen, wurde lein troch de keninginne sels. It formaat fan de raatsellen wêr't in dar útkomt is grutter as dy fan in wurkster. Fandêr dat in dar ek grutter is as in wyfkebij. Darreraten wurde troch de bijen ûnderoan boud troch de bijen. Yn de winter wurde dizze sellen brûkt om huning yn te bewarjen of sûkerwetter. Darreraat lûkt de faroamyt oan. Dizze myt sit it leafst ûnderoan de raat yn grutte sellen. Dêrom snijt de ymker dizze sellen fuort. Op dizze manier hellet de ymker de faroarmyt út it folk. Al is dit faaks net genôch om de sykten út te roegjen.
De ienige taak fan de darren is pearjen mei de keninginne. Nei it broedseizoen wurde de darren deamakke troch de wurksters. Dit wurdt de darreslacht neamd. Grutte folken slachtsje net alle darren. Sy brûke de darren om it folk waarm te hâlden. Darren binne grutter as de wurkster en hawwe mear hier. Dit soarget foar in tichtere strús bijen yn de winter.
In dar hat gjin heit mar wol in pake.