Daphne Rosen
Daphne Aviva Rosen, Hebrieusk: דפנה רוזן, (Tel Aviv, 9 juny 1982) is in Amerikaanske pornostjer, ferneamd fan har romboarstich foarkommen.
Rosen waard berne yn Israël en ferhuze nei Boston doe't hja trije jier wie. Mei 18 jier sette sy útein mei modellewurk.
Doe't sy tweintich wie gie sy ek oan it wurk yn de porno-yndustry. Rosen die yn goed 150 films mei, waard ferneamd op de radio, wurke foar grutte produksjehuzen sa as VIVID en wurke gear mei ferneamde pornoaktrises sa as Jenna Jameson, Briana Banks en Flower Tucci. Sy spile trije jier efterelkoar mei yn in AVN-Award-winnende film yn de kategory "Grutte Boarsten yn de Film".
Twadde helte 2005 stoppe sy tydlik mei aktearjen om har ta te lizzen op saken. Juny 2006 kaam sy werom. Lisa Ann, ek porno-aktrise, is op it stuit har menedzjer en sy wurdt fertsjintwurdige troch Pure Talent Agency.
[bewurkje seksje] Sitaat
"There's not a lot of girls that are as busty as I am, and willing to do quite as much as I am. I'm really cool because I'm able to be in the big bust world. But I'm really nasty enough to be a real live porn star. I've got the big bust but I don't use them as an excuse for only doing 'Disney' porn." (AVN Magazine, oktober 2006)
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Daphne Rosen fan Wikimedia Commons. |