Danilo Di Luca

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Danilo di Luca")
Gean nei: navigaasje, sykje
Danilo Di Luca yn 2007

Danilo Di Luca (Spoltore - 2 jannewaris 1976) is in professjonele Italiaanske hurdfytser.

Hy begûn syn kariêre yn 1998 by de ploech Riso Scotti. Op 22 july 2009 kaam it berjocht nei bûten dat hy yn de Giro d'Italia in fariant fan it ferbeane middel epo brûkt hawwe soe en is dêrom troch de Ynternasjonale Hurdfytsuny op non-aktyf setten. Hy wie op dat stuit yn tsjinst fan Team LPR Brakes.

Yn syn hurdfytskariêre kaam di Luca foar de folchjende ploegen út:

Syn meast suksesfolle jierren wiene: 2005, mei winst yn de Omrin fan Baskelân, de Amstel Gold Race en de Waalse Pijl en 2007 mei de einoerwinning yn de Omrin fan Itaalje en winst fan de klassiker Luik-Bastenaken-Luik.