Daniel Rutherford

Ut Wikipedy
Daniel rutherford

Professor Daniel Rutherford ( 3 novimber 1749 - 15 novimber 1819) wie in Skotsk gemikus en biolooch dy't ferneamd waard troch de isolearring fan stikstof yn 1772.

Doe't Joseph Black de eigenskippen fan koalsoer bestudearre ûntdekte er dat in kears der net yn baarne woe. Hy lei it probleem foar oan syn studint út dy tiid, Daniel Rutherford. Rutherford hâlde in mûs yn in romte mei soerstof oant it bistke dea gie. Doe liet er in kears baarne yn de oerbleaune loft oant de kears útgie. Neitiid baarnde er dêr fosfor yn oant it net mear baarne woe. Doe liet er de loft troch in koalsoer absorbearjende oplossing gean. De oerbleaune loft holp net by it ferbaarnen en in mûs koe der net yn libje.

Rutherford neamde it gas (dat wy no stikstof neame) "skealike loft". Rutherford rapportearre it eksperimint yn 1772.

Hy wie professor yn de botany oan de Universiteit fan Edinboarch en hâlder fan de Keninklike Botanyske Tún Edinboarch.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: