Daniël Marot

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foarkant fan Paleis Kneuterdijk.

Daniël Marot (Parys, 1661 - De Haach, 4 juny 1752) wie in Nederlânske graveur en arsjitekt. Marot is ek bekend fan syn 250 gravueres, dy't brûkt binne foar behang-, damast- en meubelûntwerpen.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Hy wie de soan fan de Frânske arsjitekt Jean Marot (1619-1679) en ien fan de Hugenoaten, dy't nei de opheffing fan it edikt fan Nantes nei De Republyk flechte. Marot kaam yn tsjinst fan kening-stedhâlder Willem III en de Fryske stedhâlders. Marot brocht de styl fan Loadewyk XIV nei Nederlân en Ingelân, en ûntwurp yn dizze styl ynterieurs foar gebouwen, sa as Hampton Court Palace (spegels, meubels, pronkbêden) en tunen, sa as dy fan Paleis It Loo en Watervliet yn Felsen-Noard.

Yn 1686 fêstige Marot him yn Den Haach, yn 1694 ferfarde er nei Londen, útnoege troch steedhâlder Willem III. Yn 1707 kocht er in hûs yn de Sint Antoniesbreestrjitte en tusken 1715 en 1747 hie er in hûs oan de Reguliersgreft. Fan 1720 ôf wenne er oan it Noardein 164. Dêr wenne Marot oant syn dea. De keuken en de tún binne oant no ta bewarre bleaun.

Untwerpen[bewurkje seksje | edit source]

Gesicht op de tún fan it Loo, ûntwurpen troch Marot

Marot is ûntwerper fan:

Oan Marot taskreaun[bewurkje seksje | edit source]

  • Hearengreft 475 te Amsterdam;
  • it Van Brants-Rushofje (Nije Keizersgreft 28-44) (Amsterdam);
  • de oranjery fan de Hortus botanicus Leien
  • fergulde houten kearsekroan yn de Grutte of Sint-Michaëlstsjerke yn Swol.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]